Rein Tolsma presintearre syn lêste útstjoering foar Prelude: "It hat moai west"

Rein Tolsma efter de mikrofoan © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Mei in oanbod fariearjend fan Ingelske tsjerkemuzyk oant de poëtyske klassikers fan Leonard Cohen wist presintator Rein Tolsma fan Prelude in ikoanysk radioprogramma te meitsjen. Snein 2 oktober sit er foar it lêst efter de mikrofoan.
Ek al is hy yntusken seis jier mei pensjoen, as presintator fan Prelude hold Tolsma altyd bining mei it publyk fan Omrop Fryslân. Dochs falt it ôfskied him minder swier as in pear minsken tinkt. "Ik tocht: lk wurd aansen 70 jier. It hat moai west. Dit is in moai momint om dermei op te hâlden."
Goed fjirtich jier lyn kaam Tolsma yn tsjinst by Omrop Fryslân. Hy wie ferslachjouwer, presintator en haadredakteur en sleat syn karriêre ôf as senior beliedsadviseur. Yn al dy hoedanichheden inisjearre er tal fan programma's en projekten by de Omrop, mar fan dat hiele oeuvre leit it programma Prelude it tichtst oan syn hert.
Benammen de sfear fan dat programma sprekt him oan. "Us mem hâlde ek fan psalmen en gesangen, ik kom sels geregeld yn tsjerke en hâld fan sjongen."

Ingelske tsjerkemuzyk

Tolsma is in grut leafhawwer fan Ingelske tsjerkemuzyk. Dêr kaam er tafallich mei yn de kunde, sa fertelt er.
Nei de Alvestêdetocht yn 1985 wiene der inisjativen foar alvestêdetochten foar fan alles en noch wat. Op in dei kaam der in man by him mei in plan foar in alvestêdetocht fan in Ingelsk tsjerkekoar.
"Hy joech my in plaat en sei: 'Moatst dit mar ris hearre'. Doe hearde ik foar it earst dy psalmen, op Ingelske wize songen."
Dat wie de Wells Cathedral Choir. De alvestêdetocht fan dat koar kaam der. De earste útfiering wie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. "Dat is doe live útstjoerd op Radio Fryslân."

Ek nij wurk yn Prelude

Dy Ingelske tsjerkemuzyk is in foarbyld fan in bredere muzykkar - yn stee fan altyd mar de bekende lieten - dy't Tolsma graach weromkommen sjocht yn Prelude. Hy sjocht de fersykjes fan de minsken thús dan ek as in idee om ek ris oare muzyk te draaien.
De harkers wolle gewoan moaie muzyk hearre. Dy moatte jo net alle wiken itselde foarsette.
Rein Tolsma
"Prelude wurdt tefolle dominearre troch de bekende ferskes. De 40.000 harkers wolle gewoan moaie muzyk hearre. Dy moatte jo net alle wiken itselde foarsette."
It is wol foarkaam dat in liet dat oant dan ta ûnbekend wie, populêr waard yn Prelude. It Pelgrimsgebed fan de Súd-Afrikaanske sjongeres Amanda Strydom is dêr in foarbyld fan.
"Dat haw ik in kear earne heard en doe yn Prelude draaid. Dêrnei waard it hiel faak oanfrege."

Leonard Cohen

"Of Leonard Cohen. Eins is al syn muzyk religieus. As jo dat ris draaie yn Prelude, freegje de minsken it letter ek wol wer oan. Dan wurdt it wat in breder programma as allinnich koaren en korpsen."
It team fan Prelude: Rein Tolsma, Aise van Beets en Thea van der Schaaf (en net op de foto: Ietsje de Boer) © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Tolsma is der wiis mei dat Prelude nei tweintich jier noch altyd bestiet en ek fierdergiet.
Harkje op dit plak de lêste útstjoering fan Rein Tolsma werom. Prelude bliuwt bestean, der wurdt in opfolger socht.
De Fryske tsjerketsjinsten op telefyzje fynt Tolsma ek in goed insjatyf. "Dêrmei kinne jo jo ûnderskiede en sjen litte dat jo in publike taak hawwe. Sa stjoert de BBC ek elke snein Songs of Praise út, wat se as harren publike taak sjogge."
"Omrop Fryslân hat Prelude op de radio en de Fryskte tsjerkestjinst op telefyzje. Dat fyn ik in grutte plom en ik soe sizze: Moai sa litte."