Rewan Amin: fan Bilgaard nei it nasjonale alvetal fan Irak

Rewan Amin © Orange Pictures
Fia L.A.C. Frisia, Hearrenfean en de Sweedske kompetysje is Rewan Amin yntusken terjochte kaam by nasjonale alvetal fan Irak. In bysûnder libbensferhaal fan in jonge dy't opgroeide yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.
Steven Berghuis, Mark Diemers, Martijn Roosenburg, Reza Ghoochannejhad, Kik Pierie en Rewan Amin. Sy fuotballen allegearre yn de jeugd fan LAC Frisia en hellen it betelle fuotbal.
Amin is lykwols de iennige dy't noait in wedstriid yn Nederlân spile yn de earedivyzje of yn de earste divyzje. Amin spile yn de jeugd mei spilers as Jeremiah St. Juste, Joost van Aken en Andries Noppert.
Amin is trije jier âld as hy syn bertelân Irak ferlit. Mei syn heit en mem, trije sussen en in broer komt hy yn Ljouwert terjochte, yn in asylsikerssintrum. Dy sit op de wei tusken Ljouwert en Stiens, yn it gebou fan Burmaniakamp. Dêr wennet de famylje Amin sa'n sân jier.
"We zijn destijds gevlucht en kwamen meteen in Leeuwarden terecht. Het was toen in Irak echt niet veilig. Heel erg onstabiel. We woonden in Koerdistan en het was het regime onder Sadam Hussein."
Al frij gau sizze de âlden fan Amin dat it goed is om op fuotbal te gean en sa nije jonges kennen te learen. Rewan komt te fuotbaljen by L.A.C. Frisia.
"We voetbalden altijd bij het asielzoekerscentrum. Mijn moeder zei: zet hem op voetbal, dan kan ie vriendjes maken. Mijn vader was nog een beetje van: rustig aanpassen. Maar mijn moeder zei hij vindt het leuk, doe maar gewoon."

Fan Frisia nei Hearrenfean

Al op syn njoggende komt de fuotbalskoalle fan sportklup Hearrenfean. Hy fuotballet dêr hast syn folsleine jeugd. Fan syn alfde ôf spilet hy allinnich noch mar yn Hearrenfean yn de jeugd.
Amin spilet yn de jeugdteams fan Nederlân ûnder de 15, 16, 17 en 18. Hy docht it sa goed, dat Arsenal him ha wol. It is dan 2013. "Als jonge jongen sta je er nog niet zo bij stil. Je bent bezig met voetballen bij Heerenveen en Oranje. Je leven gaat precies zoals het moet. Je voelt je prettig bij het leven zoals het is, maar ik denk dat ik er toen nog niet zo bij stilstond."
Syn âlden fine it lykwols net tûk om nei Ingelân te gean. "Ik had een hele goeie tijd bij Heerenveen. Ik dacht ik ga het eerste van Heerenveen halen. Ik voelde me daar thuis. Het was niet een hele moeilijke beslissing. Ik heb er geen spijt van dat ik geen ja heb gezegd."
Amin sit sa no en dan op de bank by it earste alvetal fan Hearrenfean, mar hy komt noait fierder as it spyljen foar Jong Hearrenfean. "Ik schoot misschien net tekort. Ik heb er twaalf jaar gevoetbald. Ik draag die frustratie wel altijd met mij mee, dat ik geen enkele minuut gemaakt heb."
Rewan Amin mei in oefenwedstriid yn Koudum tsjin FC Volendam © Orange Pictures
Begjin 2017 meldt in klup út Sweden him foar Amin. In bysûndere klup: Dalkurd FF. De klup wurdt yn 2004 oprjochte troch in groep Koerdyske immigranten. Om, sa as Amin seit 'de kinderen van de straat te houden.'
Yn it stedsje Börlange, goed 200 kilometer boppe Stockholm, begjinne se op it allerleechste nivo. Yn 2010 komme se út op it tredde nivo en yn 2015 spylje se yn de Superettan, it ekwivalint fan de Nederlânske Keuken Kampioen Divisie.
As Amin yn febrewaris 2017 nei Sweden komt, spilet Dalkurd noch yn Borlänge. Ein 2017 ferhuzet de klup nei Uppsala. Dat leit 165 kilometer súdliker. Dêr diele se it Studenternas IP stadion mei in oare klup: IK Sirius FK.
De klup stiet ûnder lieding fan twa rike Koerdyske broers, dy't fan de klup in subtopper meitsje wolle. "De investeerders zijn toen bij mij gekomen en is het balletje gaan rollen. Ik zat ook een beetje op een dood spoor bij Heerenveen. En bij Dalkurd hadden ze echt plannen met me en met de club. Het plan sprak me aan. Ik dacht dit heb ik nodig."

Fierder

As Amin yn 2017 by Dalkurd komt, spylje se op it ien-nei-heechste nivo. Se wurde fuort twadde en se promovearje mei Amin fuort nei it heechste nivo. "Ik heb een fantastisch eerste jaar gehad. Ik ben echt blij met de beslissing die ik toen heb genomen."
Amin is ien fan de wichtichste spilers fan Dalkurd. Dat soarget der dan ek foar dat oare klups ynteresse yn him ha. Östersunds betellet sels 500.000 euro foar Amin.
Östersunds hat dan krekt de beker wûn yn Sweden en yn Europa meitsje se furore troch ûnder oare Galatasaray, PAOK Saloniki en Hertha BSC út te skeakeljen. "Ik had eigenlijk altijd in mijn hoofd om naar Zweden de volgende stap in Europa te maken. Of terug naar Nederland te komen. Toen Östersunds kwam dacht ik gewoon net als bij Dalkurd: daar wil ik gewoon heen. Alles ging zoals ik wilde daar."
Amin wurdt in fêste basisspiler by de Sweedske middenmoter. Oant augustus 2020. Yn de Boras Arena tsjin Elfsborg skuort hy syn krúsbân ôf. "Ik wil meelopen met een speler en ik voel meteen dat het mis is. Even later hebben we in Stockholm een scan gemaakt. Dan weet je meteen dat het mis is."

Net ien, mar twa operaasjes

Gewoanwei stiet foar in krúsbân sa'n njoggen moannen, mar foar Amin rint it oars. "In eerste instantie dachten we dat de buitenband en de kruisband beschadigd was. Het plan was om een donor te gebruiken voor de buitenband. Maar tijdens de operatie bleek dat de buitenband in tact was en dat de kruisband wat beschadigd was. Toen heeft ie de donor gebruikt voor de kruisband gebruikt."
Dat hat lykwols efterôf net in goeie kar west. "Na negen maanden revalideren en twintig minuten in een oefenwedstrijd te spelen en wat trainen, bleek daarna de knie toch niet stabiel genoeg te zijn. De artsen zeiden allemaal dat het er goed uit zag, maar het lichaam wilde er niet op reageren. Uiteindelijk zijn we tot de conclusie gekomen de donor te vervangen door een eigen en de revalidatie opnieuw te beginnen."
Amin spilet dêrtroch twa jier net. "Soms voelde dat niet werkelijk. Twee jaar is dan wel echt een lange periode. Soms sta je er dan wel bij stil dat het niet nep is. Elke dag is dan een nieuwe stap zetten. Je leeft als het ware als een robot. Je hebt niet tijd om er bij stil te staan."
It kontrakt by Östersunds rint ôf, mar syn âlde leafde Dalkurd hat wol plak foar him. Neidat Dalkurd nei it heechste nivo promovearre, degradearre dêrnei it twa kear. As Amin wer spylje kin, binne se ek alwer promovearre nei it op-ien-nei-heechste nivo fan Sweden. Dêr fuotballet Amin no.
Op 13 augustus mocht hy nei twa jier blessuereleed foar it earst wer spylje.
De droom van mijn vader verwerkelijken. Dat maakt het toch iets meer speciaal.
Rewan Amin oer syn debút foar Irak
Blykber docht hy it fuortendaalks sa goed, dat de bûnscoach fan Irak him opropt. Sa bart it dat Amin nei twa jier blessureleed op syn 26ste foar it earst spylje mei foar it lân dat hy op syn tredde ûntfluchte.
"Het eerste moment dat je weer mocht spelen was heel bijzonder, heel emotioneel. Vooral toen ik de uitnodiging uit Irak kreeg, had ik zoiets van: het harde werken wordt beloond. Het was heel emotioneel na twee jaar hard werken, dat deze kans voorbij kwam."

Dream fan syn heit komt út

It grutste part fan syn libben wennet hy yn Nederlân en hy flechtet út Irak wei as hy trije jier is, mar dat makket syn debút foar dat lân net minder moai.
"Natuurlijk ben ik vanaf mijn derde weg gegaan, maar het is toch het land waar je geboren bent. Je krijgt de cultuur ook mee. Mijn vader heeft ook in Irak gevoetbald. In Noord-Irak, in Koerdistan. Op het hoogste niveau. Voor mij was het iets groots. De droom van mijn vader verwerkelijken. Voor mij was het ook bijzonder, maar dat meegenomen, dat mijn vader daar voetballer is geweest, dat maakt het toch iets meer speciaal."
Amin hat twa kear earder yn Irak west sûnt hy op syn tredde it lân ferliet. It grutste part fan syn libben wennet hy yn Nederlân. Mar hy hat seker in bân mei it lân Irak. "Het voelt niet alleen maar als mijn land. Nederland is ook deel van mij. Ik voel me bij beide landen. Het voelt vooral heel bijzonder dat je iets kunt doen voor die mensen, terwijl je daar niet gewoond hebt."

Debút tsjin Syrië

Irak spilet twa oefenwedstriden yn Jordanië. Yn de earste wedstriid tsjin Oman bliuwt Amin noch 90 minuten op de bank. "Er wonen best veel mensen uit Irak in Jordanië, dus we hadden veel supporters. Dat maakte het wel mooi."
Yn Amman, de haadstêd fan Jordanië, spylje se dêrnei tsjin Syrië. Amin komt yn de 85ste minút yn it fjild en makket sa syn debút. "Het was een bijzonder gevoel. Het is als het dichtbij de wedstrijd is toch weer een gewone wedstrijd. Als de wedstrijd begint, ben je er niet echt mee bezig. Maar na de wedstrijd denk je wel: dit was mijn debuut."
Irak is de nûmer 70 op de FIFA-wrâldranking. Yn 1986 helje se it WK fuotbal yn Meksiko, dêr't se yn de groepsfaze fuort útskeakele wurde en yn 2007 wurdt Irak kampioen fan Azië. Ferline jier wie Dick Advocaat noch bûnscoach fan Irak, mar neidat wis waard dat Irak it WK net helje soe, gie Advocaat fuort.
It team is op dit stuit net goed genôch foar it heljen fan it WK, mar neffens Amin is it wol serieus in goeie ploech. "Het niveau is wel echt goed. Best behoorlijk. Maar het is wel anders. Ze zijn wat meer fysiek en wat individueler."

Oait werom nei Hearrenfean

No spilet Amin wer by Dalkurd FF. Yn de twadde divyzje bongelje sy ûnderyn mei. Mar it earste doel is om wer fit te wurden. Amin tinkt net te folle foarút. "Ik heb vooral geleerd dat je vooral dankbaar moet zijn dat je mag spelen. Dit seizoen duurt nog zes wedstrijden en die wil ik vooral gezond doorkomen. Daarna ga ik wel kijken wat ik wil en wat nog mijn ambities zijn."
Mar op de lange termyn hopet Amin dat hy weromkomme kin op it nivo foar syn blessuere. "Ik voel me heel sterk, dus ik denk dat dat wel realistisch is. Ik moet nu ritme opdoen, maar ik voel dat dat meer en meer terugkomt en dan denk ik een betere voetballer te worden. Uiteindelijk is het wel het doel om terug te komen naar Nederland."
En dan, as Amin in lyts momintsje stil bliuwt en efkes fuortdreamt, seit hy: "Tja, dan zou Heerenveen natuurlijk wel fantastisch zijn."