It legindaryske swurd fan Grutte Pier komt út syn tiid en is écht brûkt

It ûnderstelde swurd fan Grutte Pier © Historisch Bewijs
It ûnderstelde swurd fan Grutte Pier komt út de perioade dat Grutte Pier libbe. Boppedat is it swurd écht brûkt, sa die bliken út wittenskiplik ûndersyk foar it tv-programma 'Historisch Bewijs.'
Konservator Diana Spiekhout fan it Fries Museum is feromme mei it nijs. "Er was nog altijd zoveel discussie over de ouderdom en de functie van het vermeende zwaard van Grutte Pier." It probleem wie dat hurd bewiis oant no ta ûntbruts.
It tv-programma waard freed útstjoerd en stie folslein yn it ramt fan Grutte Pier en it swurd. It ûndersyk waard laat troch Martine Gosselink (direkteur Mauritshuis), Robert van Langh (haad konservaasje Rijksmuseum) en Stephanie Archangel (konservator Rijksmuseum).
Stephanie Archangel, Martine Gosselink en Robert van Langh © Historisch Bewijs
Grutte fraach wie oft it swurd wol echt wie. Want troch de iuwen hinne giene minsken oan 'e haal mei leginden en it meitsjen fan helden. It ferhaal fan Grutte Pier wurdt ek in soad taeigene troch lju mei ferlet fan in legindaryske skiednis.

Kâns op Grutte Pier is der noch hieltyd

Materiaaltechnysk ûndersyk hat it fabrisearjen fan it swurd yn of foar it libben fan Grutte Pier pleatst: it hout fan it hânfetsel is fan de perioade om 1451-1518 hinne.
It ûndersyksteam kin net mei 100 persint wissichheid sizze oft it swurd echt fan Pier west hat. "Maar de kans is dus wel degelijk nog steeds aanwezig", konkludearret Martine Gosselink.
In ferliking fan it uterlik en de merktekens op it swurd mei boarnen, printen en oare swurden makket dúdlik dat it swurd makke is tusken ein 15e en healwei de 16e iuw.

Fan hôf, nei stedhûs, nei museum

Der is ek ûndersyk dien nei wêr't it swurd troch de jierren hinne wie. It Fries Museum hat it yn 1882 krigen fan it gemeentebestjoer fan Ljouwert. It hong dêrfoar yn it stedhûs, sa docht bliken út in krante út 1834. Dêr hong it al in hiel skoft, want in boek fermeldt yn 1725 dat it swurd yn it doe noch nije riedhûs wie.
Konservator Diana Spiekhout by it Ljouwerter stedhûs © Historisch Bewijs
De perioade foar 1725 is ûnwis. It swurd dûkt wol op yn in brief fan de bekende rektor magnifikus Ubbo Emmius út 1595. Hy skriuwt oan in befreone predikant dat it swurd yn 'curia' is, mooglik bedoelt er dêr it steedhâlderlik hôf mei. In antwurd op de brief is net weromfûn troch konservator Adrie van der Laan fan Universiteitsbibliotheek Groningen.
Pier Gerlofs Donia (sa. 1480-1520) fan Kimswert wie boer, mar waard foaral bekend as 'Grutte Pier.' By in plondertocht fan Saksyske hierlingen en Frjentsjerters baarnde syn buorkerij ôf. Mei oare lotgenoaten besleat Pier te striden tsjin de Saksyske oerhearsking en letter de Habsburgers.
Pier wie grut fan stal en waard de oanfierder fan debinde 'Arumer Zwarte Hoop.' It ferhaal giet dat Grutte Pier yn dizze striid it grutte swurd fan mear as twa meter lang brûkte. Yn Fryslân waard er bekend as in legindaryske folksheld en frijheidsstrider, foar de Hollanners wie er in woestling en in plonderder.
Om it hânfetsel fan it swurd te datearjen, hawwe ûndersikers de koalstof-14-technyk tapast.
Der waard in lyts bytsje hout ôfnaam foar ûndersyk © Historisch Bewijs
Sanne Palstra lei út: "In het houtmateriaal zit koolstof, dat is uit de atmosfeer opgenomen door de boom. Koolstof-14 valt langzaam uit elkaar door de tijd. Omdat we weten hoe snel de hoeveelheid in het materiaal afneemt, kunnen we terugrekenen hoe oud het is." It hout komt út de perioade tusken 1451 en 1518, sa die bliken út de mjittingen.

Bruorke fan it Dútske swurd fûn

Konservator Jeroen Punt fan it Nationaal Militair Museum koe mear dúdlikens jaan oer de merktekens op it blêd fan it swurd. Der stiet in biskopsstêf en in dravende wolf op, dy wize op it Dútske bisdom Passau. Dy stêd wie yn de 15e en 16e iuw it sintrum fan de swurdemakkerij.
Fierder steande de letters INRI der op, wat 'Jezus fan Nazaret, kening fan de Joaden' betsjut. Dat wiist der op dat it swurd noch fan foar de Reformaasje is, want nei dy tiid kamen sokke katolike teksten net mear foar op Dútske swurden.
Jeroen Punt fan it Nationaal Militair Museum mei it 'buorke' fan it swurd © Historisch Bewijs
Tige bysûnder is dat der in swurd fûn is yn it museumdepot mei deselde merktekens fan deselde smid. Op it hânfetsel fan dit 'bruorke' fan it swurd fan Grutte Pier stiet in ôfbylding fan Karel V, makke nei in skilderij út 1532.
It blêd is lykwols noch âlder, want der ûntbrekke parearheakken dy't om 1525-1530 yn de moade kamen. It kin der dus goed op wize dat it swurd noch foar dy tiid makke is, en dus it swurd fan Grutte Pier ek.

It swurd is écht brûkt

It ISIS Neutron and Muon Laboratory yn Oxford hat it swurd analysearre fia radiografy (om der trochhinne te sjen) en de kristalstruktuer (dat seit wat oer it proses fan smeien). Dêrfoar moast de fette laach op it swurd fuorthelle wurde, dy't it troch de jierren tsjin rust beskerme.
Natuerkundige Francesco Grazzi wie tige entûsjast oer it eksperimint, wêrfoar't it swurd trije dagen yn in masine sitte moast. It die bliken dat it swurd mei âlde techniken makke is út meardere metaalstroken.
Francesco Grazzi yn it laboratoarium © Historisch Bewijs
De struktuer fan it blêd mei martensyt liet sjen dat it nei alle gedachten skansearre is troch it brûken en dêrnei wer potskuorre is. Dat makket it 'very likely' dat it swurd écht brûkt is, sei Grazzi.
Earder hie Oskar ter Mors, saakkundige as it giet om swurden, noch betinkingen by. Hy fûn it swurd te grut en swier om der echt mei te fjochtsjen en skermmasters soene der ek net yn Fryslân west hawwe om de fjochttechnyk te learen.
It laboratoarium makke fierder dúdlik dat it hânfetsel spesjaal makke is foar it bûge izer fan it blêd. Dat seit dat it hânfetsel en it blêd op itselde momint makke binne en dus byinoar hearre.