Skilder en byldhouwer Jentsje Popma op 100-jierrige leeftiid ferstoarn

Skilder en byldhouwer Jentsje Popma is op 28 septimber yn Ljouwert ferstoarn. Hy is 100 jier wurden. Hy makke stânbylden foar de iepenbiere romte, mar lei him letter folslein ta op it skilderjen fan lânskippen.
Jentsje Popma doe't er de priis de Friese Anjer krige © Omrop Fryslân
Popma soe freed 101 jier âld wurden wêze, mar ferstoar krekt foar dy tiid. Neffens de famylje is Popma fredich ferstoarn, op 'ûnferwacht hege leeftiid.' De kremaasje sil yn besletten fermidden plakfine, op Popma syn eigen fersyk.
Popma syn wurk wurdt ekspresjonistysk neamd mei in ympresjonistyske sfear. Hy neamde himsels in 'strukturist.'
Jentsje Popma waard berne yn Zwolle op 30 september 1921. Hy studearre oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn Rotterdam en de Rijksakademie van beeldende kunsten yn Amsterdam en krige dêrmei in klassike oplieding.

Byldzjende keunst

Nei de oarloch kaam it modernisme op. Der wie gjin fraach nei syn wurk en Popma moast de kost fertsjinje. Hy makke dêrom yn opdracht byldzjende keunst foar gebouwen en yn de iepenbiere romte.
Yn de santiger jierren joech er les yn monumintale techniken as boetsearjen en skilderjen oan de Academie Minerva yn Grins. Oant 1968 wurke er as glêsskilder, hy makke ûnder oare glês-yn-leadruten foar it gemeentehûs yn Stiens.
It wurk 'Sgraffito' (1972) fan Jentsje Popma op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
As byldhouwer makke er ferskate wandreliëfs en frijsteand wurk. De bylden fan politikus Anne Vondeling (1981) en skriuwer Piet Paaltjens (1986), dy't beide yn Ljouwert stean, binne troch him makke.

Lânskippen

Ein tachtiger jierren waard Popma mear aktyf as skilder, benammen fan kleurige lânskippen. Hy makke goed 200 skilderijen fan de Fryske natuer en diken, om't hy it Fryslân fan syn jeugd fêstlizze woe. Dêr wie troch it moderne libben neffens him hast neat mear fan oer troch klimaatynfloeden, minsklik yngripen en de meganisaasje fan de lânbou.
Yn in dokumintêre út 2016 sei er dêroer: "Ik ha altyd mei taspaste keunst dwaande west. Mar mei de berjochten oer de natuer dy't achterútgiet, tocht ik, ik moat ophâlde mei dy opdrachten en my no rjochtsje op it lânskip, op de natuer."
Jentsje Popma op syn 100ste jierdei © Omrop Fryslân
Hy hope mei syn wurk de polityk te berikken. Sûnt 200 rjochte er him op de diken. De seediken neamde er wichtich, want de seespegel nimt ta en it lân sakket troch gas- en sâltwinning. "We libje by de graasje fan de dyk."

'It ferdwinen'

Syn lêste skilderij wie 'It ferdwinen'. Yn it doek skildere er in iepening yn de wolken, dêr't minsken yn ferdwûnen dy't harsels tekoart dien hienen. Hy koe net mear skilderje en net mear nei syn atelier ta om't er syn frou Jo fersoargje woe. Nei har dea kaam er net mear oan skilderjen ta.
Jentsje Popma en Jan Henk Hamoen fan Nijkleaster © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Yn 2015 skonk Jentsje Popma syn atelier yn Ljouwert en alle skilderijen en keunstwurken oan Stichting Nijkleaster yn Jorwert. Nijkleaster betinkt Popma mei earbied en tankberens, sa lit de stichting witte. Nijkleaster jout oan Popma syn missy yn omtinken te hâlden.

Fries Museum

Yn 2016 wie der in aksje om in oersjochstentoanstelling fan it wurk fan Popma yn it Fries Museum te krijen. Neffens it museum foldie syn wurk net oan de stelde kritearia: erkenning yn it bûtenlân of it winnen fan de Gerrit Bennerpriis.
Foar de hûndertste jierdei fan Popma presintearre it Fries Museum ferline jier in presintaasje fan syn wurk yn 'Jentsjes lânskip.' Dizze útstalling rint oant snein.
Ein ferline jier krige Popma noch de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds foar syn mearsidigens as byldhouwer, glêsartyst en skilder en foar syn ynset foar de nije generaasje. Hy waard hûndert jier en spesjaal dêrfoar waard yn Ljouwert en Oranjewâld wurk fan him tentoansteld.
Yn 2016 makke Omrop Fryslân de dokumintêre 'De flecht nei it ljocht' oer Jentsje Popma.