CDA-riedslid: 'Opsizzen fan fertrouwen yn boargemaster Van de Pol is net in saak fan feiten'

Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Dat in mearderheid fan de gemeenteried fan Skylge it fertrouwen opsein hat yn boargemaster Van de Pol, is net in saak fan feiten, mar fan gefoel en suggestje. Dat seit CDA-fraksjefoarsitter Hendrik van der Wielen.
Van der Wielen wie it iennige lid fan de rie dat de moasje fan wantrouwen tsjin de boargemaster woansdeitejûn net stipe.
De boargemaster hat gelyk dat se op op 15 desimber hielendal gjin tasizzingen dien hat oer it evenemintebelied en dus kin se dêr ek net op ôfrekkene wurde, sa seit Van der Wielen. "Ik haw de hiele saak noch neilêzen en neisjoen", seit de CDA'er. "Ik bin dy tasizzing net tsjinkaam."
De fraksjes fan Plaatselijk Belang, VVD, Samen Terschelling en PvdA tinke dêr oars oer. Dy fraksjes hawwe alle oare sitten yn de rie.
Wat it CDA oanbelanget moat de boargemaster gewoan de kâns krije om it fertrouwen te herstellen en bliuwt se dus oan as boargemaster. "Ik hoopje it, mar úteinlik is de kommissaris yn dizze oan set en net de rie", seit Van der Wielen, dy't dêrmei doelt op it feit dat de boargemaster troch de Kroan beneamd is. Dat betsjut dat de ried har net fuortstjoere kin.