Boeren ferwurkje bermgers en hekkelspesy ta kompost

© Omrop Fryslân
De gemeenten Ljouwert, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân wolle in koöperaasje opsette om bermgers en hekkelspesy te ferwurkjen ta it nuttige dongprodukt bokashi.
Boeren dy't der oan mei dwaan wolle, kinne harren by de gemeente melde. Oant no ta hawwe tsientallen boeren al belangstelling toand.
Boeren ferwurkje bermgers en hekkelspesy ta kompost
Tongersdei en freed wie by melkfeehâlder Ulbe Jansma yn Deinum te sjen hoe't it wurket. It bermgers, dat dêr troch de gemeente Ljouwert brocht is, wurdt mei mineralen en mikrobaktearjes behannele foardat it ûnder plestik giet. Dêr feroaret it yn in pear moanne yn bokashi.
Jansma eksperimintearret der al in pear jier mei. "Myn soan kaam der mei oan en earst moast ik der net folle fan ha. Ik tocht aansten ha ik allegearre ûnkrûd yn it lân. Mar dat is net sa. Alles wurdt yn it proses ôfbrutsen dus ek de siedden fan ûnkrûd. Ik wol graach dat it bioferskaat yn de boaiem ferbetteret. Mar it duorret in pear jier foardatst de effekten echt sjochst."

Dreech mei de drûchte

Yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren bestiet al in boerekoöperaasje mei de namme Agrycycling. Hieltyd mear boeren slute harren dêrby oan. Boeren kinne by de koöperaasje oanklopje as se bermgers en hekkelspesy ferwurkje wolle.
Boer Pieter van der Valk, ien fan de inisjatyfnimmers, is der tige tefreden oer en hy is bliid dat Súdwest-Fryslân de stap set hat om mei te wurkjen. "Dit wie mei de drûchte wol in dreech jier, omdat kompostearjen dan dreger giet. Mar it giet oer it gehiel sjoen goed. De resultaten fan de mjittingen fan ferline jier en dit jier litte sjen dat de kwaliteit fan it produkt dat wy meitsje folle better is as dy fan besteande kompost."

Twa gedachten

De gemeenten Ljouwert, Noardeast-Fryslân en Waadhoeke wolle ek graach los. Mar in datum is noch net prikt. "Wy wurkje hjir graach oan mei omdat de boeren harren boaiem graach ferbetterje wolle. En ús bermgers kin dêr in hiele goeie rol yn spylje", seit Jan Dijkstra, wethâlder fan Waadhoeke.
Dijkstra soe it graach sjen dat it konsept útrolle wurdt yn de hiele provinsje. "Mar de provinsje hinket noch op twa gedachten. Se tinke ek dat it fergisten yn in biofergêster ta grien gas ek in goeie opsje is. Mar wy tinke dat dit de bêste oplossing is", seit Dijkstra.
Syn kollega Pieter Braaksma fan Noardeast-Fryslân sjocht ek dat it goed is foar de berms. "Wy hakselen it gers earst en lieten it dan fierder lizze. Troch it ôf te fieren ferbetteret ek it bioferskaat yn de berms. Us gemeenteried hat ús ek oproppen om oar bermbehear ta te passen."

Gjin McDonald's-gers

Geert Draaistra fan grienbehear Ljouwert set him al in pear jier yn om organysk ôffal om te setten yn kompost en bokashi as dong foar it lân. Neffens him it dat folle better dan it gewoan yn de berm lizze te litten of om it yn in fergêster te ferwurkjen ta grien gas. "Dit is echt in goeie wize om de boaiem te ferbetterjen. De boaiemwjerstân nimt bot ta en dat jildt ek foar it fochthâldend fermogen. En der komme allegearre nuttige nutriïnten yn."
Bang dat der in soad smoargens yn komt is Draaistra net. "Wy tinke dêr goed om en gers út snoepgebieten sa as by McDonald's wurdt hjir net foar brûkt. We sykje de berm ek noch nei as is nedich is." Wat Draaistra oangiet kin it útrôljen fan dit konsept net fluch genôch gean.