WTC yn Ljouwert no ek yn gebrûk as krisisneedopfang

Minsken yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert © LEO Middelsé
It WTC yn Ljouwert is no ek yn gebrûk as krisisneedopfang. It COA hat der asylsikers opfongen foar wa't yn Ter Apel gjin plak wie. Dit bart yn deselde hal as dy't it COA brûkt foar needopfang.
Ofrûne tiisdei- op woansdeitenacht kamen de earste twahûndert flechtlingen nei Ljouwert. Dêrnei is it tal noch oprûn nei 291. De ferwachting is dat dizze groep inkelde wiken yn it WTC ferbliuwe sil yn ôfwachting fan it klear meitsjen fan oare opfanglokaasjes yn Nederlân.
Neffens de gemeente Ljouwert giet de WTC-hal noch hieltyd op 31 oktober ticht. De groep 'reguliere' asylsikers dy't op it stuit ek yn de hal sit ferhuzet op 17 oktober nei Heliconstate.