Christa Oosterbaan fan Skylge op twadde plak PvdA-Steatelist

Christa Oosterbaan © PvdA
Christa Oosterbaan fan Skylge is de heechste nijkommer op de PvdA-konseptkieslist foar Provinsjale Steaten. Op de list fan de sosjaal-demokraten steane in soad nije nammen.
Allinnich listlûker Edou Hamstra en Jaap Stalenburg fan It Hearrenfean hawwe romme ûnderfining as Steatelid. Op it tredde plak stiet Klaas Zwart, âld-riedslid fan de gemeente Ljouwert.
Op it fyfde plak stiet âld-hurdfytser Daan Olivier fan It Hearrenfean. In oare opfallende kandidaat is publisist Sander Terphuis. Hy is fan Iraanske komôf en keas sels in Nederlânske efternamme om makliker te yntegrearjen. Christa Oosterbaan wie earder riedslid foar de PvdA op Skylge en ek kandidaat-Keamerlid.
Foar it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân is Henk Mulder listlûker. Hy sit al sûnt 2019 yn it wetterskipsbestjoer. Annelies Stolp stiet op it twadde plak foar de wetterskipsferkiezings. It giet op dit stuit noch om konsept-kieslisten. De leden fan de PvdA sille op 29 oktober de definitive kandidatelisten fêststelle.

YouTube-filmkes

De PvdA presintearret freed ek it ferkiezingsprogramma. It giet net om in dokumint mei in soad tekst, mar om tsien tematyske filmkes fan 3 minuten, dy't ynsprutsen binne troch listlûker Edou Hamstra.
Foarsitter Roelof Veldhuis fan PvdA Fryslân hopet mei dit medium mear minsken te berikken as mei in tradisjoneel partijprogramma. "By in âlderwetsk partijprogramma kinne je je ôffreegje, wa lêst soks noch. De jongere generaasjes binne hiel fisueel ynsteld. Wy hoopje dat wy sa de drompel in stik leger meitsje."
De PvdA hâldt freed ek in 'partijfestival' op It Hearrenfean om programma en kieslist ûnder de oandacht te bringen.