Lânskipsbehear yn Noardlike Fryske Wâlden docht fertuten: natuer ferbettere yn behearde gebieten

Hûnebei (lijsterbes) © Vereniging Noardlike Fryske Wâlden
It lânskipsbehear fan feriening de Noardlike Fryske Wâlden hat effekt. Yn de gebieten dy't aktyf beheard wurde komme mear biste- en beammesoarten foar as yn de gebieten dy't net beheard wurde.
Yn it Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden komme bysûndere en foar in part unike bisten en planten foar, seit de feriening. Goed ûnderhâld fan de natuer draacht dêr oan by.
Yn de gebieten dy't troch leden fan de feriening ûnderholden wurde, sitte bygelyks 40 persint mear briedfûgels as yn elzesingels en en houtwâlen dy't net beheard wurde. Benammen de eksterspjocht en de protter dogge it goed yn dy gebieten.

Feriening bestiet 20 jier

Neffens de Noardlike Fryske Wâlden soarget dêrneist de saneamde einkap, it kappen fan in rige beammen nei 21 oant 25 jier, foar in groei yn it tal hagedoarnen, roazen en kûtsjekralen. It binne útkomsten út it rapport Staat van Natuur, dat freed op de jubileumgearkomste fan de feriening presintearre is. De feriening bestiet 20 jier.