Drachten hopet 'goud yn hannen' te hawwen mei alliânsje tusken lokale partners

De sân partijen fan de Alliantie van Drachten © Omrop Fryslân
Sân partners hawwe freed de 'Alliantie van Drachten' ûndertekene. De partijen prate ôf dat se mei-inoar Drachten fersterkje wolle troch ûnderwiis, soarch en ynnovative bedriuwen mear gearwurkje te litten.
It giet bygelyks om Philips, ROC Friese Poort, NHL Stenden, Rijksuniversiteit Groningen en de gemeente Smellingerlân, dy't de alliânsje yn sikehûs Nij Smellinghe tekene hawwe.
Dat bart bygelyks troch de mbo-oplieding ferpleechkunde nei de hjerstfakânsje te ferhúzjen nei in spesjaal dêrfoar boud auditoarium yn it sikehûs. It sikehûs hat mear as seis miljoen ynvestearre om dat mooglik te meitsjen.

'Goud yn hannen'

It Drachtster ynnovaasjekluster is ien fan de lûkers fan de yntinsive gearwurking tusken de sân partijen. Foarsitter Binne Visser fan dat ynnovaasjekluster tinkt dat Drachten 'goud yn hannen hat' troch ûnderwiis, soarch en bedriuwen noch tichter byinoar te bringen.
Hy is dan ek bliid dat de alliânsje nei in pear jier fan praten offisjeel is. "Studearje flak by it plak dêr't wurke wurdt is it nije learen", fynt Visser.

Foaroprinne

Foar takomstige wurkjouwers is sa'n ûntwikkeling ek fan belang. "Studinten binne jong en fris, dy komme mei nije ideeën. As je dy belûke by nije ûntwikkelingen dan komme dêr faak nijsgjirrige dingen út."
Foarsitter Binne Visser fan it Innovatiecluster fynt it in feestlike dei
De alliânsje moat derfoar soargje dat Drachten foarop rint op it mêd fan ûnderwiis, soarch en technyk en dêrtroch ek foar takomstige generaasjes nijsgjirrich bliuwt as wen- en wurkplak.

Soarchopliedingen yn hûs

Direkteur Bert Kleinluchtenbelt fan sikehûs Nij Smellinghe hat in hiel direkt belang. "Doordat Rijksuniversiteit Groningen vlakbij is, kunnen we meestal wel aan medisch specialisten komen. Verpleegkundigen aantrekken is soms veel lastiger. Ik ben daarom erg blij dat we na de herfstvakantie de zorgopleidingen van Friese Poort hier in huis krijgen."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It sikehûs wol de kommende tiid ek mear ynsette op ynnovaasje yn gearwurking mei de oare partijen út de alliânsje. "Met nieuwe volgapparatuur van Philips kunnen we oudere patiënten na de operatie thuis blijven volgen. Dat zijn belangrijke ontwikkelingen om de zorg betaalbaar te houden."
Jouke de Vries fan Rijksuniversiteit Groningen is fol lof oer de kolleezjeseal yn it Drachtster sikehûs. "Ik fyn dit in moaie ûntwikkeling. Wy moatte ek ôf fan de skotten tusken universiteit, hbo en mbo. As je gearwurkje kinne, lykas hjir yn it ynnovaasjekluster, dan moatte je dat foaral dwaan."
Direkteur Bert Kleinluchtenbelt fan Nij Smellinghe