Achtkarspelen wol flekswenten om druk op opfang statushâlders te ferlichtsjen

In foarbyld fan nije flekswenten yn it suden fan it lân © ANP
It kolleezje fan Achtkarspelen hat lokaasjes yn byld foar flekswenten foar reguliere wenningsykjenden. It moat druk op de opfang fan statushâlders ôfnimme, foar wa't de gemeente earst in 'tuskenfoarsjenning' op it each hat.
Gemeenten hawwe in wetlike ferplichting om statushâlders, dy't dus yn it lân bliuwe meie, fan in wenplak te foarsjen. Sûnt in jier giet dat yn Achtkarspelen hieltyd dreger. Dit jier moatte der yn totaal 61 minsken húsfêste wurde. Oant septimber hawwe al 30 minsken in plak fûn.
Der is foarearst gebrûk makke fan fakânsjehuzen en gebouwen dy't op termyn sloopt wurde. Der is in list opsteld mei leechsteande pannen, korporaasjehuzen dy't foar werûntwikkeling yn oanmerking komme, lege kantoaren en rekreaasjehuzen. It oanbod dêryn is lykwols beheind, ek mei it each op de berikberens.

Gruttere tuskenfoarsjenning

Achtkarspelen hat sicht op in 'gruttere tuskenfoarsjenning', dêr't romte is foar 40 plakken. Mar in definitive beslissing hat it kolleezje dêr noch net oer makke.
Foar de wat langere termyn set it kolleezje yn op flekswenten, dêr't reguliere hûssikers of starters yn komme moatte. Der wurdt trocht oan wenunits en besteande gebouwen lykas kantoaren, skoallen en tsjerken. Der soene 50 'wenienheden' komme moatte dy't foar 10 oanf 15 jier brûkt wurde kinne.
It sintrum fan Bûtenpost © RTV NOF
Op dizze wize moat der wer romte ûntstean foar statushâlders dy't faak fanwege de omfang fan de húshâlding gjin hûs fine kinne. De flekswenten en it jild dêrfoar moatte troch it Ryk beskikber steld wurde. It kolleezje hopet dat de realisaasje oer in healjier oant in jier úteinsette kin.

Ofspraken mei korporaasjes

Foar de echt lange termyn wol Achtkarspelen ôfspraken mei WoonFriesland en Stichting Woningbouw Achtkarspelen oanskerpje. Achtkarspelen fynt it spitich dat SWA koartlyn in soad huzen út de merk helle hat foar sloop en nijbou, want dêrtroch naam de druk op de beskikbere huzen fierder op.
Korporaasjes wize huzen mei foarrang ta, de gemeente soarget foar in urginsjestatus en begelieding. De foarried oan huzen moat útwreide wurde, ek fia it gemeentlik wenningbouprogramma.