Leppehiem slút swimbad Akkrum om enerzjyprizen: "Het alternatief is het Pikmeer"

It swimbad yn Akkrum © Leppehiem
It swimbad fan Leppehiem yn Akkrum slút de doarren: fanwegen de tanommen enerzjyprizen kin de eksploitaasje net mear út. It bestjoer fan Leppehiem seit dat it swimbad in ferlies fan 50.000 euro it jier draait.
Oan de oare kant telt it ek dat in soad minsken gebrûk meitsje kinne fan de foarsjenning, seit bestjoerder Paul Mutsaers. "Maar uiteindelijk moet het onderaan de streep ook uit kunnen. Nu kan het niet meer uit, de laatste jaren eigenlijk al niet."
De soarchynstelling wurdt foar in grut diel finansearre mei Wlz-jilden, seit Mutsaers. Dat is jild dat soarchynstellingen krije fan de Wet langdurige zorg út. "Daarvan gaat heel veel geld naar het zwembad."
Leppehiem slút it swimbad yn Akkrum
Der wurdt sjoen oft in trochstart mooglik is. Net allinne bewenners fan de soarchynstelling brûke it swimbad foar beweging en ûntspanning, mar ek besikers út omlizzende doarpen, bern foar swimles en aquarobic-dielnimmers.

Gjin primêre taak

Leppehiem Mienskipssintrum betellet de kosten foar it ûnderhâld en de ynvestearringen foar it swimbad. Mar dat is mei de enerzjyprizen net mear te dwaan. Mutsaers jout oan it spitich te finen, mar seit ek dat it eksploitearjen fan in swimbad net yn it earste plak in taak fan in soarchorganisaasje is.
As Leppehiem ekstra jild yn it swimwetter stekke moat, giet dat te'n koste fan de soarch, seit Mutsaers. De primêre taak fan Leppehiem is de soarch en ferpleging fan âlderein.
Leppehiem hat yn 't foar oerlein mei ferskate partijen. "Ik heb twee maanden geleden voor het eerst met de gemeente Heerenveen gesproken, maar zij zien geen mogelijkheden. Zij hebben geen budget om dit mee te financieren."
Mutsaers hat ek mei doarpsbelang Akkrum en Verenigde Ondernemers Akkrum Nes (VOAN) praat. "Maar die zien ook geen mogelijkheden. Het gaat om een fors bedrag, om break-even te draaien."

Swimskoalle wol trochstart ûndersykje

Hendrik Jan Nijdam fan swimskoalle De Badmeester krige it nijs ferline wike te hearren. It oerfoel him, want hy hat alle wiken in lytse 30 groepen fan sa'n 6 bern dy't swimles folgje yn it Akkrumer bad.
Neffens him hie der earder oan de bel lutsen wurde moatten. "Voor de zomer heb ik een gesprekje gevoerd, later nog één gesprek. Ik heb gevraagd naar de cijfers, maar er waren geen concrete cijfers."
Der is noch wat romte, it swimbad kin noch oant 1 april brûkt wurde. Oant dy tiid kinne der noch inisjativen oantsjinne wurde, seit Mutsaers. As it net slagget om in trochstart te meitsjen sjocht Nijdam gjin alternatyf: "Nee, het antwoord is de Pikmeer."