Eigeners fan Hegebeintumer erfgoed wurkje gear: tenei Harsta State ek iepen

Harsta State yn Hegebeintum © Stinze Stiens
De monumintale Harsta State yn Hegebeintum is fan ein oktober ôf iepen foar publyk. De eigener, feriening Hendrick de Keyser Monumenten, wurket dêrfoar gear mei Stichting Terp Hegebeintum.
De terp, de 12-iuwske Romaanske tsjerke en Harsta State binne neffens beide organisaasjes as kultureel erfgoed sterk mei inoar ferbûn. Yn de tsjerke hingje bygelyks roubuorden dy't fan de famyljes wiene dy't op Harsta State wenne hawwe. It ensemble kin dêrom ek it bêste mei-inoar oplûke, sa is men fan betinken.

Ien koördinator

Foar de iepening fan terp, tsjerke en state is ek in mienskiplike frijwilligerskoördinator oansteld, dat is Liebeth ten Wolde fan Hurdegaryp wurden. De besikers fan Hegebeintum moatte aanst in moai ynsjoch krije yn it libben yn in terpdoarp.
De terp en herfoarme tsjerke fan Hegebeintum © Hendrick de Keyser Monumenten
De stichting stelt al jierren de tsjerke fan Hegebeintum en it archeologysk stipepunt iepen foar besikers. De terp fan Hegebeintum is de heechste terp fan Fryslân, je kinne de Waadseedyk sjen fan de terp ôf. Ut it kennis- en ynformaasjesintrum wei kinne besikers meinaam wurde troch it doarp.

Sliepe yn 'e State

Feriening Hendrick de Keyser is sûnt 2018 eigener fan Harsta State. It wie in jefte fan it pear Van Riemsdijk, dy't tún en state bewarje woene foar de takomst. Dêrnei is it âlde gebou restaurearre. Harsta State wol fan 28 oktober ôf gasten ûntfange, dy't dêr ek oernachtsje kinne.
De state wurdt foar it earst yn 1511 neamd, doe't 'Rummert oppe Harst' de eigener wie . Troch de jierren hinne hawwe der ferskate famyljes wenne. It gebou is meardere kearen ferboud, it krige om 1843 hinne de hjoeddeiske foarm. De tún is oanlein troch de bekende arsjitekt Lucas Pieters Roodbaard, der binne no tal fan stinzeplanten te finen.