Wachtsje, wachtsje, wachtsje: flearmûsfange op de Ofslútdyk

Sander Langerveld (WUR) docht ûndersyk nei flearmûzen op Ofslútdyk © Omrop Fryslân
By de Ofslútdyk besykje ûndersikers flearmûzen te fangen foar in stúdzje nei de ynfloed fan wynmûnen op de flearmûstrek. Wy giene in nacht mei.
Flearmûzen út de Baltyske Steaten oerwinterje hjir. Se komme as it dêr te kâld is en fleane yn maart werom. De lêste tiid binne der in soad nije wynmûnen by de Ofslútdyk en op de Noardsee by kaam. Der binne no plannen foar noch in nij wynmûnepark op de Noardsee.
Doel fan it ûndersyk is om te sjen oft dat nije wynpark gefolgen hawwe kin foar de flearmûstrek. De ûndersikers stean op de Ofslútdyk om de flearmûzen te fangen, de bistje krije in stjoerderke om en wurde wer útset. Sa kinne se folge wurde.
In nacht mei te flearmûsfange op de Ofslútdyk
It falt net ta om flearmûzen te fangen. Undersikers Sander Lagerveld en Karina Stienstra fan de Universiteit fan Wageningen (WUR) hawwe trije izers yn it fjoer.
De simpelste wize is mei in flearmûskast, fertelt Sander. Dêr hingje hjir tsien fan. "Daar rusten de vleermuizen in. Als je de kast opent, kun je ze er zo uit pakken. We hebben zo-even nog gecontroleerd, maar er zitten momenteel geen vleermuizen in."
Flearmûsfangnet mei lokapparaatsje dat flearmûslûden neidocht © Omrop Fryslân
Mei netten flearmûzen fange is dreger. De tinne netten hingje tusken útskobere stokken. Earst yninoar leech by de grûn, mar as de tsjusternis ynfalt en der gjin sweltjes mear by de himel del saaie, skowe de ûndersikers de stokken út. De netten gean strak omheech. De ûndersikers lokje de flearmûzen mei flearmûslûden dy't út in apparaatsje komme.
De tredde metoade dy't se tapasse is in fangynstallaasje dy't noch it measte tinken docht oan in harp. De flearmûzen fleane tsjin de 'harp'-triedden oan, witte net mear wêr't se hinne moatte en falle dan yn in soart iepen sek.
Flearmûsfangynstallaasje dy't op harp liket mei opheinsek derûnder © Omrop Fryslân
De ûndersikers binne der no hielendal klear foar en Sander skeakelet de sonardetektor yn. Dy set de flearmûs-oriïntaasje-lûden om yn lûden dy't it minsklik ear hearre kin. Ut it apparaatsje komt in soart rap klikkend lûd. Dêr sille jo de earste hawwe. Mar nee, spitich. It is de ferkearde soart.
Sander: "Dit is een gewone dwergvleermuis. Voor het onderzoek hebben we ruige dwergvleermuizen nodig."
Watfoar ynfloed hawwe de oprukkende wynmûnen op de flearmûstrek? © Omrop Fryslân
Mei al dy opstelde netten liket it wol in badmintontoernoai. Sander makke dêr, doe't it noch ljocht wie, in grapke oer: "Dat kunnen we nog altijd gaan doen, als we niets vangen." En de nacht duorre noch lang...
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.