Fotoboek mei gedichten oer it Noarderleech: "In poëtysk lânskip"

It boek mei foto's en gedichten oer it Noarderleech © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Ald-fierljepkampioen Evert Wilstra leit him ta op fotografearjen. Syn foto's fan it Noarderleech binne no ferskynd yn in boek, mei dêrby gedichten dy't skreaun binne troch Jochum Rypma.
Evert Wilstra is by de âldere Friezen bekend as fierljepper. Nei syn sportkarriêre gie er oan 'e slach as sportferslachjouwer by - doe noch - Radio Fryslân.
It boek mei foto's en gedichten oer it Noarderleech © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Hy hat altyd wol fotografearre, mar de lêste tiid hâldt er him der bot mei dwaande. By tafal krige er de gedichten fan Jochum Rypma ûnder eagen en doe ûntstie it idee fan in fotoboek oer it Noarderleech mei gedichten fan Jochum Rypma.
Jochum Rypma en Evert Wilstra op it Noarderleech © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De gedichten fan Rypma binne net spesjaal by de foto's skreaun. "It is krekt oarsom: de gedichten hawwe de foto's fûn", seit Rypma yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.
Jochum Rypma en Evert Wilstra
It is ek net sa dat de gedichten it Noarderleech beskriuwe. "Moatst it rom sjen" seit Wilstra. "It giet om de sfear en om de ferbining fan taal en byld."

Twatalige gedichten

De gedichten binne twatalich. "Dat woe de Afûk graach. Ik skriuw altyd yn it Frysk" fertelt Rypma, dy't in ekologyske boerderijcamping yn Bears hat. Dat syn gedichten no yn in boek ferskynd binne, hie er nea betinke kinnen. Hy fynt it hiel moai.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêren, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.