Keamerfragen oer leechsteande belestingkantoar yn Ljouwert

It âlde, no leechsteande belestingkantoar oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Twadde Keamerleden Jaco Geurts en Harry van der Molen (beiden fan it CDA) hawwe Keamerfragen steld oer it leechsteande belestingkantoar oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert.
It gebou stiet al in skoftke leech en is nei in brân yn 2018 net mear yn de alderbêste steat.
De CDA'ers wolle fan minister Hugo de Jonge witte oft er it mei harren iens is dat der yn dizze tiid fan wenningneed en flechtlingekrisis it fan grut belang is dat der gau in nije bestimming fûn wurdt foar it kantoargebou.
De Keamerleden wolle witte hokker obstakels in werbestimming yn it paad steane. Geurts en Van der Molen fersykje it de eigener fan it gebou, it Rijksvastgoedbedrijf, om sa gau as mooglik mei in konkreet plan foar it pân te kommen.

Wenromte

Wethâlder Hein de Haan (PvdA) fan de gemeente Ljouwert oppere earder al it idee om it belestingkantoar as wenromte te brûken. Om dat plan út te fieren is dus lykwols wol help nedich fan it Rijksvastgoedbedrijf.
De minister fan Folkshúsfesting en Romtlike Oardening hat trije wiken om te reagearjen op de Keamerfragen.