FIDEO: Burgumer sporthal trije dagen it toaniel fan EK Dog Dance

Burgum makket him klear foar it EK Dog Dance
In sporthal yn Burgum is de kommende trije dagen it toaniel foar dûnsjende hûnen. Oant en mei snein is dêr it Europeesk kampioenskip Dog Dance. De hûnen mei de baaskes komme út hiel Europa, sels oant Israël en Japan ta.
De hûnen dogge op de wedstriden oefeningen yn goed harkjen nei en folgjen fan de baas. Sa rinne se hieltyd tusken de skonken fan de baas troch - it saneamde 'weaving' -, springe se en meitsje se salto's.
Dat alles giet op muzyk. Trochdat de bewegingen achterinoar gean, liket it oft de hûnen dûnsje yn sporthal de Nije Westermar. Der binne gjin ferplichte oefeningen, sadwaande is elke dûns wer oars.