Jonkjes fuotbalje mei stikelbarchjes yn Frjentsjer: 'Net wis oft se it oerlibje'

Ien fan de stikelbargen dêr't mei fuotballe is © Stichting Dierenambulance De Waadhoeke
Yn Frjentsjer binne trije ferwûne jonge stikelbarchjes fûn. Neffens de mem fan in jonge tsjûge soe der troch twa jonkjes fan ûnder de tsien jier mei fuotballe wêze.
De soan fan de frou soe sjoen hawwe dat twa jonkjes mei in nêst fan seis stikelbarchjes oan it smiten en fuotbaljen wienen. Hy koe noch gau ien fan de stikelbarchjes meinimme nei hûs, dêr't er syn mem ynskeakele.
Doe't de mem oankaam by it 'plak delikt' wienen de twa jonkjes der noch. Se hat beiden strang tasprutsen en sei dat de jonkjes sa gau as mooglik de oare stikelbarchjes fine moasten. Der waard noch mar ien fûn. Yntusken is der ek in tredde weromfûn.

Stress

"Het is nog niet zeker of ze het overleven", seit Richard Beiman fan de biste-ambulânse. "De egels waren puur gestrest en helemaal hijgerig. Ze waren gelukkig nog wel heel, maar ze waren niet rustig. Helemaal van slag."
De trije stikelbarchjes wurde op it stuit opfongen by de Fûgelhelling yn Oerterp. Ien fan de nammen fan de jonkjes is yntusken bekend by de plysje. "We hopen dat ze ermee aan de gang gaan", seit Beiman. "Dit kan gewoon niet."