Ynwenners Lúnbert benaud foar yndustry by it doarp: 'We hawwe der pineholle fan'

A7 by It Hearrenfean mei rjochts de greiden nei Lúnbert © Google Street View
Der soene griene, duorsume bedriuwen komme op in nij bedriuweterrein by it Klaverblêd by It Hearrenfean oant se yn it doarp Lúnbert trochkrigen dat der ek hiel oare yndustry komme kin. It dorp wol dat net en sil tongersdeitejûn beswier meitsje by de gemeente.
De kaarten foar it gebiet oan de oare kant fan de grutte dyk A7 wiene al yntekene en ynkleure. It giet om it gebiet fan 120 hektare by de doarpen Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbân. It leit noardlik fan de A7 dêr't no noch greide is. Súdlik fan de grutte dyk stiet it grutte suvelferwurkingsfabryk Aware.
Jierren lyn is de grûn ferkocht oan de gemeente, fertelt Ralf Kerkstra út Lúnbert. Hy is ien fan de aksjefierders.
"Wy witte dat dêr ea wat komme sil. Yn 2018 hat de gemeente nei ús foarkar frege. Wy hawwe doe oanjûn dat wy it dêr graach grien en duorsum hawwe wolle soene."

Pineholle

No docht bliken dat der ek in yndustryterrein komt. "We hawwe der pineholle fan. Dat past hielendal net by wat wy wolle as doarp. In pear ûnderdielen fan it plan kinne wy wol mei libje, lykas rekreaasje, natuerynklusive lânbou en sinnepanielen dêr't ús enerzjykoöperaasje yn mei docht."

Skrikke

Kerkstra ferwyt de gemeente dat dy net dúdlik kommunisearre hat oer de plannen. De gemeente smyt it ûnder oare op de coronaperioade, seit Kerkstra. Dêrtroch soene de minsken yn it doarp mooglik ynformaasje mist hawwe. "Mar dit der komt, dêr skrikke wy dochs wol hiel bot fan."
Dy yndustry is it foarnaamste beswier dat de tsjinstanners tongersdeitejûn oanfiere sil by it ynsprekken. De plannen moatte werom nei de tekentafel, sa fine se.
De resinte ûnjouwingen dogge guon doarpsbewenners weromtinken oan de tiid fan it Megapark dat der komme soe by It Hearrenfean. Der binne wol bedriuwen kaam, mar net safolle as op rekkene wie. It gebiet is fierder gien ûnder de namme IBF (Internationaal Bedrijvenpark Friesland).

Heger bouwe

De bewenners sjogge yn de nije plannen konkrete ûntjouwings dêr't se net bliid mei binne. Kerkstra: "Wy sjogge dat fêststelde maksimumhichtes oprekt wurde. Mei in útsûndering op in besteand bestimmingsplan kin der ynienen boud wurde oant in hichte fan 43 meter. Dat wolle wy net by ús achtertunen hawwe."