Flater fan Súdwest-Fryslân: sintrum Boalsert foar de tredde kear oer de kop

Strjitten yn sintrum Boalsert wurde opnij lein © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De trochgeande klinkertdyk yn Boalsert wurdt tongersdei foar de tredde kear yn koarte tiid oanpakt. Fanwege flaters moat it wurk wer opnij. De kosten fan de nije dyk rinne op oant 365.000 euro.
Nei de werynrjochting fan de binnenstêd yn Boalsert binne der in soad klachten binnenkaam fan ûndernimmers en bewenners dat de kwaliteit fan de strjitstiennen net al te bêst is. Se dreune los en meitsje in ratteljend lûd. De gemeente docht dêr no wat oan. Mei de werstelwurksumheden is al úteinset.
Sintrum Boalsert foar de tredde kear oer de kop
De stiennen lizze der bryk yn. "De boel trillet. No trillet it altyd wol wat as der swier ferkear del komt, mar no is it mear", seit slachter Yde de Boer. Hy hat in winkel en de strjitte leit by him foar de doar.
"Ast op in bepaald plak bist, rattelest hast út dyn auto wei. En thús is it hielendal in drama. Myn buorlju moatte hieltyd wer it diggelguod yn de kast teplak sette. En der sitte skuorren yn it byntwurk."

'Allinnich geskikt foar in terraske'

De stiennen dy't lein binne yn fiskgraatmotyf wurde net sa gau stikken riden, hat er heard fan strjitlizzers. "Mar der leit ek in stikje stiennen der op sa'n manier yn dat se allinnich geskikt binne foar in terraske. Net hjirfoar."
Dochs leit de slachter net allinnich de ferantwurdlikheid by de gemeente. "As ien tsjin my seit, smyt sân yn dyn gehak, dan doch ik dat dochs ek net? Dy strjitlizzers hienen ek sizze kinnen: hjir begjin ik net oan."
In reportaazje fan ferslachjouwer Timo Jepkema
Ferantwurdlik wethâlder Petra van den Akker is tige skuldbewust. "Eltsenien makket flaters, ek de gemeente. Wy hienen in hiel moai plan makke. Mei de ynwenners en de ûndernimmers. De strjitte soe in histoaryske útstrieling ha. It blykt net goed te wurkjen", seit Van den Akker.
Kearn fan it probleem liket te wêzen dat der twa metoaden brûkt binne om de stiennen der yn te lizzen. Yn it midden leit in reade baan yn 'keperferbân', oan de sydkanten lizze de klinkers horizontaal yn in 'healstiensferbân'.
Yn kombinaasje mei it tal bussen en frachtweinen dat oer de strjitte moat, komme de stiennen los te lizzen. Oer de hiele strjitte komme de stiennen no te lizzen as yn it earste model.
Klinkers lizze bryk yn de Jongemastrjitte © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Der komt gjin kompensaasje foar de ûndernimmers. "It hat in hiel 'ongelukkige samenloop van omstandigheden' west. Wy ferwite it ússels, dat wy hjir net skerper op west hawwe. Wy moatte echt goed sjen hoe't wy dat tenei foarkomme kinne", fertelt de wethâlder.
Tongersdei is it begjin fan de werstelwurksumheden úteinset, takom jier is it twadde part fan de Jongemastrjitte oan bar.
Lûdsoerlêst troch ratteljende strjitstiennen wurde oanpakt © Omrop Fryslân, Timo Jepkema