Grutte brân yn wenbuorkerij mei reidtek yn Easternijtsjerk

Yn in wenbuorkerij út 1849 oan de Ropsterwei yn Easternijtsjerk is tongersdeitemiddei brân útbrutsen. De brânwacht hie opskaald nei grutte brân om't de helte fan it reidtek al yn 'e brân stie.
Der wienen doe't de brânwacht oankaam gjin persoanen mear yn it gebou oanwêzich. Der is dan ek gjinien ferwûne rekke.
De korpsen fan Ternaard, Eanjum, Burgum en Dokkum kamen op it plak om de brân út te meitsjen. De brânwacht hat it wenhûs behâlde kinnen. It dak fan buorkerij is wol folslein útbrând.
Om 18.15 oere hinne koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan. It is net dúdlik oft der ek skea oan it wenhûs is.