Ljouwerter 22 kear trappearre op riden sûnder rydbewiis

De Keizersgracht yn Ljouwert © Google Street View
Hy wie yn 28 jier mar leafst 21 kear betrape op riden sûnder rydbewiis. Woansdei waard de 50-jierrige Ljouwerter wer pakt. Dat wie de 22ste kear. Hy krige in proses-ferbaal.
De plysje seach woansdei de bestjoerder riden fan wa't se wisten dat er oant no ta altyd sûnder rydbewiis ried. De foarige kear dat er pakt waard, wie yn 2015. Yn al dy 22 kear dat er trappearre waard, is acht kear syn auto yn beslach naam
By kontrôle op Keizersgracht yn Ljouwert die bliken dat de man noch altyd net yn it besit wie fan it rôze kaartsje. Hy krige in proses-ferbaal.
De plysje mocht dizze kear syn auto net yn beslach nimme. Dêr woe de offisier fan Justysje gjin tastimming foar jaan omdat der gjin resinte oertrêdingen fan de man bekend wiene.