Provinsje helpt by besparjen enerzjy: "Mei lytse dingen in grut ferskil meitsje"

Deputearre Sietske Poepjes © Deputearre Sietske Poepjes
De provinsje Fryslân stelt trije ton beskikber om minsken dy't te lijen hawwe fan enerzjyearmoed op koarte termyn te helpen mei enerzjybesparjende maatregels. Dat moat ûnder oare mei enerzjycoaches barre.
Dy tasizzing die deputearrre Sietske Poepjes woansdei yn de Steatekommisje. It foarstel foar it fersnellen fan de oanpak enerzjyearmoed wie yntsjinne troch de Partij van de Arbeid mei stipe fan CDA, D66, GrienLinks, SP, VVD en de Partij voor de Dieren.

Advizen foar it hûs

Poepjes wol foar in mienskiplik oanfalsplan isolaasje gearwurkje mei de Fryske gemeenten. "Dy steane noch tichter by de minsken. Mei-inoar kinne wy enerzjycoaches en enerzjykonsulinten op 'en paad stjoere."
Minsken dy't maatregels nimme lykas siichstrips of dûbeld glês kinne al gau in pear tientsjes op harren enerzjyrekken besparje.
Radiatorfoly kin al in ferskil meitsje © ANP
Poepjes realisearret har wol dat it probleem fan de hege gasrekkens net fuortendaalks oplost wurdt. "Mar wy kinne wol stimulearje dat de minsken minder gas en stroom nedich hawwe. Ik leaude it earst ek net, mar hiele lytse oanpassings - lykas in isolaasjestrip ûnder de doar - kinne echt ferskil meitsje."

Kollektyf ynkeapje

Troch ek kollektyf enerzjybesparjende saken oan te keapjen lykas ledlampen en siichstrips wol de provinsje minsken helpe om minder gas en stroom te brûken. "Wy moatte mei de gemeenten beprate wat de meast handige wize foar it goedkeap ynkeapjen is."
Sy fynt dat stipe by ferskate oerheden wei komme moat. Gemeenten en provinsjes kinne wat dwaan, mar it Ryk moat dat ek. "By de akseptgiro dy't je eltse moanne krije. Dat kin de provinsje net oplosse: dêr hawwe wy it foech en it jild net foar. Dat heart it Ryksregear foar de meast kwetsbere minsken op te pakken."

Mear enerzjycoaches

Neffens Poepjes binne der yn Fryslân al sa'n hûndert enerzjycoaches aktyf, mar dat moatte der mear wurde. "Ik tink dat wy foar't de hjerst en winter echt de sokken der yn sette yn novimber-desimber noch folle mear aktyf oan it wurk hawwe kinne."
© Shutterstock.com (stockcreations)
Minsken dy't graach sa'n coach oer de flier hawwe wolle foar praktyske advizen kinne har no al oanmelde by har eigen gemeente, troch de provinsje te beljen of fia Energieteam Fryslân.

Undernimmers

Foar ûndernimmers hopet Poepjes mear foarljochting regelje te kinnen, bygelyks as it oer ynvestearringen foar nije waarmteboarnen giet. "Hoe djoer is dat dan? Hoe lang duorret it foar't ik soks ôflost haw? En hoe rap giet myn enerzjyrekken de moanne nei ûnderen? Dus gewoan in goede rekkensom meitsje."
Deputearre Sietske Poepjes
De SP stelde foar om hûseigeners mei in leech ynkommen finansjeel te skewielen by it isolearjen fan harren hûs. De SP wol dêr twa miljoen euro foar frijmeitsje.
Deputearre Sietske Poepjes neamde dat foarstel 'sympatyk', mar koe hjir woansdei gjin tasizzing oer dwaan. Dit foarstel komt letter werom yn de Steategearkomste fan oktober.