Suksessen by de Lauwersmar, mar foar in soad fûgels is ek aksje nedich

In burdmantsje yn de Kollumerwaard © ANP
Mei in tal fûgelsoarten yn it Lauwersmargebiet giet it goed, mar foar in grut part is just ekstra ynset nedich. Dat is de konklúzje yn de nije evaluaasje fan it behearplan.
It giet om it behearplan oer 2016-2022 dat foar de Lauwersmar as nasjonaal park opsteld is. Yn 2000 is it oanwiisd as Natura2000-gebiet. Mei de evaluaasje is neigien watfoar effekten behear en maatregels hiene, lykas it beweidzjen fan lân of it tydlik heger lizzen fan it wetterpeil.

Bried- en trekfûgels

Fan de 13 soarten briedfûgels dy't beskerme binne yn it gebiet, giet it mar mei fjouwer soarten goed. Dat binne it blauboarstke, de snilekrûper, de bûnte wilster en de reidsjonger. Foar de oare 70 persint fan de soarten jildt dat de doelstellingen net helle wurde, it giet ûnder oare om de reiddomp, it bûnt reidhintsje en it paapke.
Yn it gebiet komme 29 soarten trekfûgels en wintergasten: dêrfan giet it mei 11 soarten net goed. De doelen wurde net helle foar ûnder oare de leppelbek, it goudeachje en de pylksturt.

Otter en see-earn

Der binne ek suksessen: de otter en de see-earn binne yntusken fêstige soarten yn it gebiet. En yn de dunen komt de sturmia foar as plantsje, in kwetsbere soart dy't beskerme is yn Europa.
Der binne ek wichtige stappen set, sa stiet yn it rapport. Bygelyks it ekstinsyf beweidzjen en de ynrjochting fan de Bochtjesplaat as rêstgebiet en as gebiet foar reidûntwikkeling. Mar it is dúdlik dat der mear maatregels nedich binne om soarten te behâlden, dêrfoar docht it rapport ferskate oanbefellings.

Oanbefellings

Der is in better wetterbehear nedich dat rekken hâldt mei it sâlter wurden fan de omjouwing en it opslaan fan wetter foar drûge perioaden. Der moatte ek genôch rêstplakken foar fûgels wêze. Mooglik hawwe de noardske stirn, de grutte klikstirns en de leppelbek hjirfan te lijen.
Kluten en skriezen fleane op yn it Lauwersmargebiet © ANP
Dat soe ek mei rekreaasje te krijen hawwe kinne, sa stiet yn it rapport, mar dat wurdt net registrearre. Dat moat foar de nije evaluaasje wol dien wurde, sa is de bedoeling.
It tichtgroeien fan iepen gebieten moat mei beweidzjen tsjingien wurde, dat is goed foar de klút, de grauwe hoanskrobber en de fjildûle. Fierder moatte ek de reidfegetaasje, sompegebieten en wiet fûgeltsjelân better.

Nij plan

It plan foar 2016-2022 wie it earste behearplan, takom jier wurdt der in nij plan foar de kommende seis jier makke. Dêrfoar wurkje de provinsjes Fryslân en Grinslân, Wetterskip Fryslân en Waterschap Noorderzijlvest en Steatsboskbehear gear.