Albert van der Ploeg: bring mei Oanfalsplan lânskipseleminten werom

Albert van der Ploeg, foarsitter feriening Noardlike Fryske Wâlden en algemien bestjoerslid BoerenNatuur © Omrop Fryslân
Minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof hat woansdei it 'Aanvalsplan Landschap' yn ûntfangst naam. De grutte opjefte is it werombringen fan it bioferskaat, leit Albert van der Ploeg út.
It oanfalsplan waard oanbean troch Stichting Deltaplan Biodiversiteitsherstel út namme fan tal fan organisaasjes, wêrûnder ek BoerenNatuur. Dêr is Albert van der Ploeg bestjoerslid fan, dy't yn Fryslân benammen bekend is as foarsitter fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden.

Lânskipseleminten werom

It grutte doel fan it plan is om op tsien persint fan it lanlik gebiet lânskipseleminten werom te bringen, tink oan grjinten (wylgetienen) of beamwâlen. Mei it ûnderhâld en behear fan bygelyks elzesingels en houtwâlen hat Van der Ploeg in soad ûnderfining.
"Wy bringe ûnderfining yn en dêrom mochten wy it ek oanbiede oan de minister. Sy hat it yn tank oannaam", fertelt Van der Ploeg.
Minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof © ANP
Fansels is jild altyd in kwestje, mar Van der Ploeg sjocht ek mooglikheden. "Sy hat yn it 'Nationaal Programma Landelijk Gebied' hast 25 miljard euro. Je soene sizze: der is genôch jild foar in oanpak. Mar sy hâldt wol in slach om 'e earm, want it moat yn de gebieten lânje en wit ik wat allegearre. Mar sy wie wol hiel posityf oer it plan."
It plan kostet sa'n 1,63 miljard foar de oanlis oant 2050, plus noch in grûnfergoeding foar ien kear fan 1,95 miljard en it behear soe oant 2050 sa'n 5,9 miljard euro kostje, sa skatte de skriuwers fan it oanfalsplan yn.

Boskjes, poelen, wâlskanten

It giet om relatyf lytse stikken natuer, lykas boskjes, hagen, hôven, puollen en natuerfreonlike sleatten. De oanlis en eksploitaasje soe oppakt wurde kinne troch boeren, eigeners en oerheden.
Troch de lânbou en ferstedsking makken lânskipseleminten plak foar oar grûngebrûk. Troch sokke 'natuergebietsjes' werom te bringen, moat de trend fan it bioferskaatferlies keard wurde. De stichting rjochtet him op sa'n tsien persint fan it lanlik gebiet, bûten de beboude kom.
Beamwâlen binne fan grut belang yn de Wâlden © Omrop Fryslân
In soad lânskipseleminten binne ferdwûn, konkludearret Van der Ploeg. "Wylst bygelyks beamwâlen in soad bioferskaat jouwe en CO2 en sels stikstof ôffange kinne. It jout ferkuolling. It hat safolle foardielen, allinne it is net altyd like effisjint yn de bewurking fan it lân en de produksje."

Grutskens en aardichheid weromfine

It freget ek wol wat, jout Van der Ploeg ta. "Boeren en grûneigeners moatte der aardichheid oan hawwe. Sy moatte der grutsk op wurde. Moarn is it 20-jierrich jubileum fan de Noardlike Fryske Wâlden. Wy binne al 30 jier mei natuerferieningen oan de gong om op natuerlike eleminten te passen en der wurdearring foar te krijen. Wy binne der grutsk op, dat moatte boeren op oare plakken ek wer wurde."

Wat foaroer sette

It oanfalsplan kin dêr wat Van der Ploeg oanbelanget ek echt wat foaroer sette. "Net allinne oerheden moatte dat betelje, mar ek saken lykas CO2-sertifikaten moatte der jild ûnder lizze. Wetteropfang, dêr kinne je ek oan tinke." Stipe en fergoedingen binne wol nedich en moatte oer in langere tiid wis wêze. "Want der leit in grutte opjefte foar boeren, mei stikstof, klimaat en wetter."
In steltklút yn wiet fûgeltsjelân by Eanjum © ANP
Dêrom moat de lânbou op in stabyl plan rekkenje kinne, fynt er. "De bedriuwsfiering moat der op inte wurde kinne. Pas dan kinne je echt op it lânskip passe."