Gemeenteried Skylge seit fertrouwen yn boargemaster Van de Pol op

Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Der is in fertrouwensbrek tusken de gemeenteried fan Skylge en boargemaster Caroline van de Pol. Mei in moasje joech de ried yn grutte mearderheid opdracht oan de griffier dat te melden oan de kommissaris fan de Kening.
René Bultena fan Pleatslik Belang, dy't yn de earste termyn fragen stelde út namme fan alle fraksjefoarsitters, spruts benammen oer it nije evenemintebelied. Fraach wie ûnder oare oft Van de Pol de ried krekt en op tiid ynformearre hie. Ja, sa fûn se sels. "Ik ging ervan uit dat ik op duidelijke wijze de stand van zaken aan u door had gegeven."
Sterker, de ried siet neffens har hielendal mis. Nei in gearkomste soe de ried kollektyf de mist yngien wêze. "Dat was het moment dat u met elkaar een tunnel inliep", ferwiet Van de Pol de gemeenteried.
Ferslachjouwer Lennard Geerts is op Skylge
It begûn mei in fraach oer hoe fier't de beliedsstikken foar de evenemintefisy wiene, leit Gossen Bos fan opposysjepartij Samen Terschelling út. "Nu kun je zeggen: heb ik het lont in het kruitvat aangestoken? Maar dat heb ik niet bewust gedaan, het is gewoon de controlerende functie die je hebt als raadslid. Ik heb gewoon een vraag gesteld, toen is de bal gaan rollen."
It eilân hat der fan te lijen hân dat it allegearre sa lang duorret, fynt Bos. "Een trieste avond, wat moet ik er van zeggen." De kwestje is yn it presidium mei de fraksjefoarsitters bepraat, de earste mooglikheid om it yn iepenbierens te dwaan wie de riedsgearkomste, seit Bultena.
"We hebben afgelopen maand gemerkt dat een aantal uitlatingen van de burgemeester naar de fractievoorzitters een beetje schuurden met wat we meenden dat gebeurd was", jout Bultena fierder oan.
René Bultena fan Plaatselijk Belang Terschelling © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Van de Pol soe ûnder oare tasizzingen dien hawwe by de gemeenteried fan 15 desimber. "Dat is pertinent niet waar, ik heb die vergadering een paar keer teruggekeken", ferklearre Van de Pol.
In mooglik oanpassing fan de APV (in gemeentlike feroardering), dêr't de ried ynformaasje oer ferwachte, wie neffens Van de Pol nea in serieuze opsje.

Neat dien

Mar de beäntwurding fan de boargemaster sette kwea bloed yn de ried. "We komen tot de verpletterende conclusie dat er niks gedaan is", fûn Gossen Bos fan Samen Terschelling oer ien fan de besprutsen dossiers. "Ik vind het een schandalige vertoning hoe u onze vragen niet beantwoord heeft. U veegt de raad gewoon aan de kant."
Gossen Bos fan Samen Terschelling © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ek de VVD (de eigen partij fan Van de Pol), PvdA en Pleatslik Belang sprutsen net fan in soad fertrouwen yn de beäntwurding fan de boargemaster. Nei in skorsing fan goed trije kertier besleat it grutste part fan de fraksjes in moasje yn te tsjinjen.
"De gemeenteraad constateert dat er sprake is van een vertrouwensbreuk tussen gemeenteraad en de burgemeester van Terschelling en verzoekt de griffier de commissaris van de Koning op de hoogte te stellen van deze vertrouwensbreuk", sei de ried. Allinnich it CDA stimde tsjin.
Njonken koälysjepartijen Plaatselijk Belang (trije sitten) en VVD (trije sitten), wurdt de Skylger ried foarme troch Samen Terschelling (twa sitten), PvdA (twa sitten) en CDA (ien sit).

De bal leit no by Brok

Om't in boargemaster troch de Kroan beneamd is, en net troch de gemeenteried, kin in boargemaster net samar mei in moasje fuortstjoerd wurde, leit Bultena út. De bal leit no by de kommissaris fan de Kening. Brok sil oerlizze mei de riedsfraksjes.
Bultena tinkt lykwols dat it in poepetoer is om wer fertrouwen te finen.
René Bultena en Gossen Bos
Gossen Bos fan Samen Terschelling sjocht ek net fuortendaalks in oplossing. "Ik denk dat iedereen wel na kan gaan waar dit naartoe gaat." Konkreter wol er it net meitsje. "Daar ga ik nu geen uitspraken over doen. Zover is het nu nog lang niet."
Boargemaster Van de Pol wie net beskikber foar in reaksje. Noch foardat de gearkomste ôfrûn wie, gie se siik fuort.