Wetterskip begrypt wetterplante-oerlêst Súdwesthoeke, mar fynt it ek goed nijs

Wetterplanten yn de Skraarder Feart © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân begrypt de krityk fan wettersportûndernimmers yn Makkum en omkriten. Dy hawwe bot te lijen fan in eksplosive groei fan wetterplanten yn de fearten yn de Súdwesthoeke.
Wetterskip Fryslân wol dan ek graach yn oerlis mei de ûndernimmers foar wa't der wat barre moat en hoe't dat regele wurde kin.
Mei in lange harke hellet ekolooch Fokelien Looijenga fan Wetterskip Fryslân woansdeitemiddei wat wetterplanten út de Skraarder Feart by Eksmoarre. "Ik sjoch benammen donker hoarnblêd, wat kroas en hjir bygelyks ek giele plomp en snoekeblêd yn it wetter", seit se.
Wetterskip begrypt wetterplante-oerlêst Súdwesthoeke, mar fynt it ek goed nijs
De ekolooch begrypt dat boatsjeminsken it minder fine. "Mar as ekolooch wurd ik wol bliid fan dizze feart. In pear jier lyn hiene wy yn Fryslân hast gjin wetterplanten, no wol. Dat betsjut dat der mear ljocht op de boaiem komt wêrtroch't de planten better en hurder groeie. Dat is eins goed nijs."

Ferskil tusken lânseigen en eksoat

Dat befêstiget ek Otto van der Galiën, fan it deistich bestjoer fan it Wetterskip Fryslân: "As de hiele feart ticht leit mei wetterplanten kinst der mei dyn boatsje dreech troch, dus dat der klachten komme kinne wy ús goed foarstelle. Mar it is wol in teken dat de wetterkwaliteit foarút giet, sa't Fokelien seit."
Ek de waarmte hat in tanimming fan begroeiïng stimulearre. Dochs makket Wetterskip Fryslân wol ûnderskied tusken lânseigen en eksoatyske planten.
Van der Galiën: "It eksoatebelied is radikaal, dy moatte mei woartel en takke útroeid wurde. De lânseigen soarten hearre hjir, dy wolle wy ek graach hawwe, mar it moat net sa wêze dat se oare dingen yn it paad sitte. Want by tefolle wetterplanten hat de rekreaasje in probleem. Dat belang spilet ek, dus dan sette wy bygelyks in meanboat yn sadat de boatsjes der wer trochhinne kinne."

Romte foar iepen wetter

De Skraarder Feart leit noch net hielendal fol mei wetterplanten. Dêr kinne op dit stuit noch boatsjes troch, mar dat moat ek, seit ekolooch Looijenga: "Wy hawwe fansels ek doelen foar de oan- en ôffier fan wetter. Mar ek foar de ekology soe dat net goed wêze, der moat ek wat iepen wetter foar wêze yn kombinaasje mei planten boppe en ûnder wetter. Kinst altyd sizze datst in bepaald part ûnderhâldst sadat boatsjes der by kinne, en datst de kant dan frijhâldst fan ûnderhâld."
© Omrop Fryslân
Ofspraken oer baggerjen binne fêstlein yn it 'Provinciaal Verkeers- en Vervoersplan' en de 'Provinciale Verordening Vaarwegen.' De relatyf ûndjippe en smelle farwegen falle ûnder it behear fan Wetterskip Fryslân.