Sven Kramer is no direkteur by Jumbo-Visma: "Mar úteinlik is der net folle feroare"
Syn reedrydlibben mei der dan al wol in goed healjier opsitte, drok mei de sport is Sven Kramer noch altyd. Ek yn syn nije funksje as direkteur 'business development' by Jumbo-Visma sit er net stil.
It is efkes wenne as de reedrydploech fan Jumbo-Visma presintearre wurdt oan famylje, sponsoaren en parse. Der binne fêste gesichten as Antoinette de Jong, Thomas Krol en Dai Dai N'tab. Efteryn de seal stiet Sven Kramer. Hy mei letter it poadium op om te fertellen oer syn nije funksje.
Begjin dizze moanne makke Jumbo-Visma bekend dat Kramer der oan de slach sil as direkteur 'business development'. In grutte ferrassing is dat net: al by syn ôfskie yn maart waard dúdlik dat er in funksje binnen syn âlde reedrydploech ynfolje soe.
De saaklike kant
Kramer is no hast fjouwer wiken dwaande mei syn nije baan. Mar wat docht er no krekt? "Ik bin benammen ferantwurdlik foar de saaklike kant fan de reedrydploech", fertelt de 36-jierrige Kramer. "De sponsorships aktivearje, behâlde en útwreidzje."
Mar wa't tinkt dat mearfâldich olympysk kampioen allinnich binnen it reedriden dwaande is, hat it mis. Jumbo-Visma hat ek ien fan de bêste hurdfytsploegen fan de wrâld.
"It riden leit fansels tichter by it hert, mar we sille it breder lûke nei beide ploegen ta. Us krêft leit yn dat we 365 dagen it jier sichtber binne, mei riden yn 'e winter en hurdfytsen yn 'e simmer."
De earste wiken befalle Kramer goed, ek om't it net hielendal nij is foar him. Yn syn karriêre bemuoide er him ek wol mei it saaklike part. "Dat is miskien wol de aard fan it bistje. Ik sis wol ris gekjeiend: it iennige dat ik no net mear doch, is traine. Mar úteinlik is der net folle feroare. Ik bin noch altyd like drok mei de sport en alle belangen dêromhinne."
Thialf
In ûnderwerp dêr't Kramer him ek faak oer útsprutsen hat, is Thialf. De iene kear gie it oer de (minne) kwaliteit fan it iis, de oare kear oer de 'meiwyn' by wedstriden en wer in oare kear oer de takomst fan de iistimpel.
As we Kramer no freegje oft we him noch njonken it Feanster iis sjen sille, kin er net litte om te ferwizen nei de finansjele swierrichheden dêr't Thialf yn sit. "As it iepen bliuwt, dan miskien wol, ja. Ik tink dat it wol goed komt, mar je witte it noait. Dat it penibel is, is wis."
Op dit stuit is de direksje fan it iisstadion yn petear mei ferskate partijen oer in oplossing foar de hege enerzjykosten. It enerzjykontrakt rint ein dit jier ôf en dan krijt Thialf te lijen fan in hegere rekken.
"It is oan in oantal stakeholders om dat op te lossen", fynt Kramer. "Foar ús binne der meardere banen as Thialf, dus foar ús is it minder penibel as foar de minsken dy't der harren fêste baan hawwe."
Net allinnich mei syn nije baan hat Kramer it op dit stuit drok. Yn augustus waard Dexx Bynt Kramer berne, it twadde berntsje fan Kramer en Naomi van As. En dus sit er thús yn de ruften. "Ja, absolút. Dat fyn ik net slim."
Dat is oars as by de berte fan harren earste berntsje, Kae, hast fjouwer jier lyn. "Doe gie ik binnen in pear wiken nei Japan. Dan hast altyd in soarte fan ekskús. No is it: 'Sven, jij bent!' No kinst it mear tegearre dwaan."
Reedrydseizoen begjint mei 'WBKT'
Yn it lêste wykein fan oktober begjint it reedrydseizoen yn Thialf mei it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai (WBKT). Yn de wiken foar dat toernoai sjogge wy mei Omrop Fryslân foarút op it nije seizoen mei de Fryske reedriders.