Folle minder doarpen dogge mei oan jierlikse Sutelaksje mei Fryske boeken

Sutelaksje © Afûk
De Sutelaksje mei Fryske boeken wurdt dit jier yn folle minder doarpen hâlden. Wiene der by eardere edysjes in stik as sechtjin doarpen dy't meidiene, no is dêr noch mar ûngefear de helte fan oer.
By de tradisjonele Sutelaksje fan Stichting It Fryske Boek giene frijwilligers mei kroaden en boeken de hiele provinsje troch. De lêste jierren dogge ferieningen en klups de ferkeap fan boeken en sy meie as fergoeding 25 prosint fan de opbringst hâlde foar de eigen klupkas.
Neffens koördinator Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân, de organisaasje efter de jierlikse Sutelaksje, is it in gefolch fan de coronakrisis dat der no folle minder dielnimmers binne. "Ferieningen kamen wat mear stil te lizzen", seit Heddema. "Minsken giene út bestjoeren en de kontaktpersoanen dy't we hienen, binne fuort. Dan is it hiel dreech om nije, entûsjaste minsken te finen."

Unbekend

De organisaasje besiket fia sosjale media en oare kanalen de Sutelaksje ûnder de oandacht te bringen en ferieningen entûsjast te meitsjen. "It is noch hiel ûnbekend by minsken dat der echt alle jierren noch sutelaksjes hâlden en organisearre wurde, allinnich no troch doarpen sels", seit Heddema.
Alderhande klups kinne har opjaan foar it suteljen. "It kinne toanielferieningen wêze, iisklups, muzykferieningen", leit Heddema út. "Dêr't no noch sutele wurdt, binne doarpen dy't dat al in pear jier dogge en alle jierren wer."

Fertrouwen

Se hat wol fertrouwen dat it wer goed komme sil. "Foar takom jier ha we al seis doarpen dy't dit jier net sutelje, mar folgjend jier wol sutelje wolle. Eins soene we wol mear ha wolle, mar as we sechtjin yn 't jier organisearje kinne, dan binne we dêr hiel tefreden mei."
Dit jier binne der oant 5 novimber noch fjouwer sutelaksjes: yn Jorwert, Wergea, Holwert en Gersleat.