Ferbouwing gemeentehûs yn Dokkum offisjeel úteinset: "Duorsum en fan it gas ôf"

De ferbouwing fan it gemeentehûs yn Dokkum is offisjeel úteinset © Koos Scherjon
Yn Dokkum is it startsein jûn foar de ferbouwing fan it gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân. It kosteplaatsje fan de earste fan yn totaal trije ferbouwingen is meardere miljoenen euro's.
Wethâlder Bert Koonstra, direkteur Biense Dijkstra fan Bouwgroep Dijkstra Draisma en direkteur Marc Mulder fan Pranger-Rosier Installaties ûntbleaten woansdeitemiddei it bouboerd by it gemeentehûs oan de Keningstrjitte.
It gebou is yntusken sa'n 20 jier âld en oan fernijjing ta. Der komme ûnder mear nije balys foar it kontakt mei de ynwenners. Boppedat komme der wurk- en oerlisromten foar de meiwurkers.
"Saken op it mêd fan duorsumens wurde fuortendaliks meinaam", seit wethâlder Koonstra. "De ynrjochting wurdt sa duorsum as mooglik troch it op 'e nij brûken fan al besteande materialen. Wy sille ek fan it gas ôf."
Earder dizze moanne binne de tariedingen al úteinset. De ferbouwing wurdt dien troch twa Dokkumer bedriuwen: Bouwgroep Dijkstra Draisma en Pranger Rosier Installaties. Beide bedriuwen binne grutsk dat se de fernijing fan it gemeentehûs yn harren eigen stêd útfiere meie.
Yn april 2023 moat it wurk klear wêze. Dêrnei folget de twadde faze mei nijbou fan de lokaasje oan de Suupmerk. Hjir komme de riedseal, oerlisromten en in wurkkafee.
De hal fan it gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân © Koos Scherjon
De gemeente Noardeast-Fryslân ûntstie op 1 jannewaris 2019 út de weryndieling fan de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Der is doe besletten om de amtlike organisaasje by it bestjoer yn Dokkum ûnder te bringen.
"Om in goeie tsjinstferliening nei ús ynwenners en bedriuwen ta garandearje te kinnen, is it wichtich om de amtlike organisaasje tichteby it bestjoer yn Dokkum te hawwen", seit Koonstra.