Plysje jout bylden frij fan oerfal op Snitser tankstasjon
De plysje hat bylden frijjûn fan de oerfal op in tankstasjon yn Snits. Twa oerfallers bedrigen op 2 septimber fan dit jier de pompmeiwurker mei in mes.
Op de bylden is te sjen dat om 21.00 oere hinne ien fertochte yn de rjochting fan de baly rint. Hy wol jild hawwe en bedriget in meiwurker mei in mes. De twadde fertochte bliuwt op de útkyk stean yn de doariepening.
De meiwurker wegeret it jild ôf te stean en jaget de oerfallers de doar út. De fertochten naaie dêrnei út yn de rjochting fan de Swettebosk. Dêr geane se fierder op 'e fyts. By de flecht smyt ien fan de fertochten syn rêchtas fuort.
De fertochten binne neffens de plysje jonge wite manlju tusken de 15 en 20 jier. Opfallend is dat beide fertochten badslippers oan hienen. Beiden fertochten praten Nederlânsk.
De plysje freget minsken dy't ynformaasje hawwe oer de fertochten om kontakt op te nimmen.