Noed oer feilichheid dyk tusken Penjum en Wytmarsum: "Levensgevaarlijke situatie"

De dyk tusken Penjum en Wytmarsum is ûnfeilich. Dat fynt in groep ynwenners fan Penjum. De Mulierlaan is smel en der is kwealik útwykmooglikheid. Der is in soad frachtferkear en der soe ek faak te hurd riden wurde.
Al sûnt de jierren 70 binne de ynwenners fan Penjum dwaande om oanpassingen oan de dyk foar elkoar te krijen. Fjirtjin jier lyn is de dyk oanpast. Neist de smelle dyk is in strook mei 'puingranulaat' oanlein dat út stientsjes en glês bestiet.
"Foar fytsers is it hiel gefaarlik, omdat it in stik leger leit as it asfalt", seit Rein Brandsma. "Troch dat hichteferskil komst as fytser fan de dyk yn dy púnrommel telâne en dan kinne je de gekste dingen ferwachtsje." Syn oplossing is om oan wjerskanten fan de dyk trochgroeistiennen oan te lizzen, lykas oare diken om Penjum hinne.
Soargen oer feilichheid dyk tusken Penjum en Wytmarsum
Neffens in oare ynwenner wie it yn de santiger jierren al gefaarlik en is it allinne mar slimmer wurden. "Ek ast mei de auto fan de dyk rekkest, komst der net wer op troch dat ferskil yn hichte."
Alden mei bern ha noed oer de ferkearsfeilichheid. "Voor alles moeten ze naar Witmarsum", seit Frans Boomsma. "Het zwembad, de supermarkt, de tennis, alles is aangewezen op deze weg. Ouders fietsen met jonge kinderen mee. Het is een levensgevaarlijke situatie."
'Dyk hat gjin urginsje'
Wethâlder Michel Rietman (PvdA) fan de gemeente Súdwest-Fryslân seit begryp te hawwen foar it ûnfeilige gefoel. Neffens Rietman wurdt der op it stuit ûndersyk dien nei diken yn de gemeente dy't net feilich binne. Yn dat ûndersyk wurdt dizze dyk ek meinaam.
Kwa ûnderhâld sil der op koarte termyn lykwols net in soad gebeure. "Deze weg staat niet hoog qua urgentie", seit Rietman. "Ten eerste gebeurt er te weinig. Dat is vaak ook een graadmeeter vanuit de politie. Ten tweede voldoet het eigenlijk aan alle inrichtingseisen."
It hat neffens him dêrom ek net folle doel om de dyk oan te passen. Neffens Rietman is it in probleem fan de Penjumers sels: "Het zijn je eigen buren die jouw kinderen met een hoge snelheid voorbijgaan. Dus een campagne op gedragsverandering zou hier op zijn plaats zijn."
Ek it oanlizzen fan bochten of drompels hat gjin sin, seit Rietman: "Het heeft vaak met het gedrag van de weggebruiker te maken. Daar kun je een weg niet op aanpassen", seit Rietman.
'Auto moat gewoan útwike'
Dat der in soad los materiaal neist de dyk leit, is neffens Rietman krekt posityf: "Ik denk dat de automobilisten dan wat voorzichtiger zijn, want je wil niet met je auto door het grindpad en allemaal pitjes in je auto krijgen."
Dat der net in soad útwykromte is, is neffens de wethâlder ek gjin probleem. "Je hoeft niet uit te wijken voor die auto. Ik begrijp het dat je je als fietser kwetsbaar voelt, want je bent kwetsbaar. Maar je hoeft niet uit te wijken, die auto moet gewoon uitwijken."
Wethâlder Michel Rietman oer de dyk