Wageningen siket faksin tsjin fûgelgryp: "Past in zoektocht naar duurzame oplossing"

Deade fûgels troch fûgelgryp © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De Wageningen University docht proeven mei it faksinearjen fan fûgels tsjin de fûgelgryp. Dat wurdt dien op bygelyks piken yn de stâlen fan de universiteit.
Nederlân hat te krijen mei de slimste útbraak fan fûgelgryp yn tweintich jier. It ôfrûne jier binne yn it hiele lân mear as 3,5 miljoen piken en oare fûgels romme by besmette bedriuwen en sa'n miljoen bisten binne previntyf deamakke.
Nei't yn oktober 2020 de fûgelgryp útbruts yn Nederlân, is it firus no alve kear op in Frysk bedriuw fêststeld. In lytse twa wiken lyn barde dat noch yn Tsjerkgaast, dêr't 87.000 piken deamakke binne om fersprieding foar te kommen. Yn ferskate gemeenten jilde ferfiersferbodden.
"Als bestrijden alleen kan door het ruimen, dan moet je op termijn wel gaan nadenken over andere en meer duurzame oplossingen", seit fûgelgrypekspert Nancy Beerens fan de Wageningen University. "En daar zou vaccinatie dus goed in kunnen passen."
Op it stuit is der ien fûgelgrypfaksin registrearre yn Nederlân, mar dat is ferâldere en wurket net tsjin it firus dat der no is. As der in goedwurkjend faksin fûn wurdt, moat dat noch goedkard wurde troch de Europeeske Uny. De hannel yn faksinearre plomfee is net tastien.