Nyck de Vries wer op de reservebank; Albon giet út fan rentree by GP Singapoer

Nyck de Vries © ANP Foto
Autokoereur Alexander Albon giet derfan út dat hy by de Grutte Priis fan Singapoer dit wykein wer yn aksje komt foar it Formule 1-team Williams. Dat betsjut dat Nyck de Vries wer op de reservebank plaknimme moat.
Albon ûntbruts by de Grutte Priis fan Italïe fanwegen in blinetermûntstekking en waard doe ferfongen troch De Vries. De 27-jierrige Fries helle by syn F1-debút fuortendaliks twa WK-punten.
Albon ûndergie in operaasje yn Italië. Dêrnei wienen der komplikaasjes wêrtroch't hy in nacht op de intensive care bliuwe moast. Hy waard de tiisdeis nei de Grutte Priis fan Italië ûntslein út it sikehûs en koe weromkeare nei syn wenplak Monako. Dêr melde er dat er hope klear te wêzen foar de folgjende race.
It team fan Williams hat De Vries ek ôfreizgje litten nei Singapoer. "Nyck de Vries hat sjen litten dat hy in hiel kapabele ferfanger op it lêste momint wêze kin foar Albon", melde prestaasjemanager Dave Robson fan de Britske rinstâl woansdei.