Seizoenkaarthâlders sc Hearrenfean kinne fergees reanimaasjekursus krije

Supporters sc Hearrenfean © Orange Pictures
Seizoenkaarthâlders fan sc Hearrenfean kinne fergees in reanimaasjekursus krije. De kursussen binne ûnderdiel fan it projekt 'Us Pompeblêdenhart'.
De fuotbalwrâld is de ôfrûne jierren in tal kearen opskrikt is troch spilers mei hertproblemen. Dat is neffens de klup de reden om de reanimaasjekursussen te starten. It projekt is in gearwurking mei arbotsjinst Medprevent.
"Het hart is de motor van het leven en zorgt ervoor dat we met onze dierbaren herinneringen kunnen maken in ons Abe Lenstra stadion", skriuwt de klup oan de supporters.

Seleksje hat al west

De seleksje en stêf fan Hearrenfean hawwe de reanimaasjekursus al dien. "Ik vind het heel fijn dat ik nu weet wat ik moet doen als ik in die situatie terecht kom", seit ferdigener Sven van Beek.
De kursussen wurde foar in part betelle mei in cheque dy't Hearrenfean it ôfrûne seizoen fertsjinne troch it winnen fan de priis 'Maatschappelijk Project Eredivisie'.