Minister fan Ynlânske Saken Bruins Slot hâldt Rede fan Fryslân

Hanke Bruins Slot © Martijn Beekman
Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins Slot sprekt dit jier de Rede fan Fryslân út. Op 24 novimber jout se yn de Steateseal fan it provinsjehûs har fyzje op de takomst fan de Fryske taal.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok is wiis mei de tasizzing fan de minister. "Sy nimt de twadde Rykstaal serieus. De Fryske taal is in aktueel en relevant tema en in pylder fan ús identiteit. Hoe kin it gebrûk en posysje fan de taal fersterke wurde? Ik bin benijd nei de fisy fan de minister."
Bruins Slot waard yn jannewaris minister yn it kabinet Rutte. Earder wie sy lid fan Deputearre Steaten fan de provinsje Utrecht en lid fan de Twadde Keamer.
De Rede fan Fryslân is in jierlikse tradysje fan de provinsje Fryslân. Eardere sprekkers wiene ûnder oare Carola Schouten, Gerrit Hiemstra, Pieter Winsemius, Prins Carlos de Bourbon de Parme, Olaf Koens en Gerdi Verbeet.