HEA! Tûzenen genietsje fan fleurich Flaeijelfeest

HEA! Flaeijelfeest
Nei twa jier is it Flaeijelfeest yn Aldhoarne wer hielendal werom. Op in nij eveneminteterrein en mei tûzenen besikers dy't genietsje fan de nostalgyske sfear fan it plattelânslibben fan goed hûndert jier lyn.
Ien fan de ûnderdielen wie sneon it Frysk kampioenskip keunstdongstruien mei de hân, sa't dat eartiids dien waard. Mei dielnimmers dy't it struien noch op de lânbouskoalle leard ha. It blykt noch in hiele keunst te wêzen de kerrels moai lykmjittich oer it lân út te goaien.