Sander Arends sjocht út nei duel mei Djokovic: "Mijn kwaliteit is zijn zwakte"

Tennisser Sander Arends nimt it woansdei yn de earste ronde fan it ATP-toernoai yn Tel Aviv op tsjin Novak Djokovic. De Ljouwerter dûbeldspesjalist (nr. 144) spilet mei Bart Stevens (nr. 132), wylst Djokovic yn aksje komt mei de de 45-jierrige Israëliër Jonathan Erlich (nr. 317).
Djokovic is in wrâldtopper yn it inkeldspul, mar spilet hast nea in dûbel. Arends sprekt op foarhân dan ek fan "een gave ervaring om het tegen hem op te nemen".
De Ljouwerter spilet foar it earst sûnt ein july wer in wedstriid op 'de tour'. Arends hie te krijen mei in knibbelblessuere, dêr spile hy fanwegen Wimbledon en de ATP-toernoaien fan Hamburg en Umag earst mei troch. Nei oardel moanne refalidearjen is er no wer hielendal blessuerefrij.
Ofskiedstoernoai
Erlich nimt yn syn thúslân ôfskie fan de tennissport. Foar syn lêste toernoai hat er dus Djokovic strikke kinnen. Dat is gjin tafal, want yn 2010 wûnen se tegearre de dûbeldtitel op Queens, it gerstoernoai fan Londen dat altiten twa wiken foar Wimbledon hâlden wurdt. It is, oant no ta, de iennichste dûbeldtitel dy't Djokovic yn syn karriêre wûn hat.
De wedstriid yn Tel Aviv is útferkocht. "Ik heb gehoord dat er veel sfeer is. Dus het is wel iets om naar uit te kijken", seit Arends.
Unike kâns
Arends hat op it stuit te krijen mei sûne spanning, sa seit er. "Het is natuurlijk allereerst een wedstrijd zoals alle anderen, maar aan de andere kant is het ook een unieke kans om tegen een van de legendes van de sport te spelen."
Ek is it in unike kâns om in oerwinning tsjin de 21-fâldich grandslamwinner te beheljen, want dat sil yn de single nei alle gedachten nea slagje. "Dan heb ik letterlijk geen kans, dan wordt het games tellen", seit Arends. "Maar in het dubbelspel komt hij in mijn discipline."
"Qua service, return en van achteruit zou je het in principe af moeten leggen. Alleen netspel is een kwaliteit van mij en dat is zijn zwakte. Ik hoop dat we daar veel rally's kunnen spelen", seit de Fryske tennisser. "Dan hebben we een kansje."
Selfie
Hoe bysûnder it ek wêze mei, Arends wol him seker net te beskieden opstelle. Om in selfie mei Djokovic sil hy dan ek net freegje. "Dat is iets dat ik sowieso niet doe. Ik zit ook eigenlijk niet op social media, dus ook qua selfies ben ik niet diegene die dat doet."
De foto's fan de wedstriid sil Arends lykwols wol koesterje. "Dat zijn mooie herinneringen. Maar goed, dit blijft sowieso in mijn hoofd."
De wedstriid tusken Arends/Stevens en Djokovic/Erlich stiet pland foar 17.30 oere Nederlânske tiid.