20-jierrige Sophie iepenet platesaak yn Grou; de elpee libbet ûnder de jeugd

Sophie Schakelaar © Omrop Fryslân
Plateleafhawwers kinne fan sneon ôf teplak yn Grou. De 20-jierrige Sophie Schakelaar iepenet dêr har winkel Artistic Record Store. "Ik heb zelf verzameld en vind het een leuke hobby en een leuke wereld, dus ik dacht: waarom ook niet?"

Neffens har libbet de elpee wer hiel bot ûnder har leeftiidsgenoaten. Se hat dêrom muzyk út dizze tiid, mar ek oan de samler is tocht. It peareltsje is dochs ien út Sambia fan de Rolling Stones. Dêr binne mar 50 fan makke, dus in collector's item.
Se hat fan alles wat en dêrmei hopet se ek toeristen oan te sprekken. Dat se no nei it wettersportseizoen iepenet, wie dan ek net de bedoeling, mar it is net oars. Der moast noch in protte ferboud wurde. It toerisme yn it wettersportdoarp rint se no wol mis. "Het wordt vanzelf weer zomer."

'Entûsjast'

Om minsken nei har winkel te krijen hat se al wat lokale media ynskeakele en hat se posters op it gebou hongen. Dêrtroch hat se al oanspraak hân.
"Er zijn al heel wat mensen langs komen lopen van de zomer en vragen wat hier komt. Mensen raken dan enthousiast en dat is heel erg motiverend."
Mei dat entûsjasme wol se jierren dizze winkel bestiere. Allinnich, mar wol mei har hûn. Dy wurdt op dit stuit traind om net te blaffen as der klanten binnen komme. Tegearre binne se dan fjouwer dagen yn 'e wike fan 12 oant 18 oere te finen yn de winkel.
De platesaak fan Sophie Schakelaar © Omrop Fryslân
Oer har leeftiid ferwachtet se ek wol wat reaksjes, want mei 20 jier is se net de trochsneed platesaakeigener. "De meeste platenwinkeleigenaren zijn wat ouder en de meeste zijn man. Ik ben geloof ik de derde vrouw in Nederland. Ik zal door beide wel de wenkbrauwen omhoog krijgen, maar dat is alleen maar leuk."
Se krijt wol stipe fan har heit en mem bygelyks mei de ferbouwing, mar ynrjochting, de yn- en ferkeap en de winkel runne docht se sels.
Der moat noch wat dien wurde foar de iepening © Omrop Fryslân
De iepening is sneon. Se klaait it oan mei fersiering en der binne cakejes. Mar mei in 'Grand Opening' sa as op de poster stiet, bedoelt se gjin grut spektakel mei livemuzyk. "Het is leuk als mensen een eerste kijkje komen nemen. Maar er komt geen bandje dus wat dat betreft niet grand. De mensen maken het grand."