Earste studinten mei farfoech Officier Elektrotechniek op maritym ynstitút op Skylge

Studinten op it maritym ynstitút op Skylge © NHL Stenden
Oan it Maritiem Instituut Willem Barentsz op Skylge binne dizze wike de earste studinten Maritiem Officier mei in farfoech Officier Elektrotechniek ôfstudearre. It is it earste opliedingsynstitút yn Nederlân dat dizze spesjalisaasje oanbiedt.
Om dat foech te heljen, ha de hbo-studinten in healjier de spesjalisaasje folge. Mei it foech binne de offisieren noch better taret op de praktyk. "Het belang van kennis en kunde op het gebied van elektrotechniek, elektronica en automatisering wordt aan boord van moderne schepen steeds groter", seit Gerrit van Leunen, direkteur fan it maritym ynstitút.
Hy is der wiis dat se it programma yn de coronaperioade realisearje kinnen ha. Ek studinten fan oare seefeartskoallen yn Nederlân dogge mei oan de spesjalisaasje.
Minsken út it wurkfjild binne posityf, lykas it fakbûn. "De rol van de Officier Elektrotechniek aan boord van schepen zal in de toekomst alleen maar toenemen. Het is daarom dat wij als maritieme vakbond sterk hebben gelobbyd om deze opleiding ook in Nederland van de grond te krijgen", seit Marcel van den Broek fan fakbûn Nautilus.

Fraach

Dat de spesjalisaasje der kaam is, hat neffens Volkmar de Vries fan Maritiem Instituut Willem Barentsz te krijen mei de fraach út de merk. "De schepen en offshore platforms worden steeds complexer. De elektrische vermogens worden steeds groter. Er was dus behoefte aan om conform de walmaatschappij meer specialisten neer te zetten voor het opereren en onderhouden van dat soort installaties."
Volkmar de Vries fan Maritiem Instituut Willem Barentsz