Krisisneedopfang yn Drachten seis wiken langer iepen

Bern yn de krisisneedopfang yn Drachten © ANP Foto
De krisisneedopfang yn it Fries Congrescentrum yn Drachten bliuwt seis wiken langer iepen. Neffens de gemeente Smellingerlân is de opfang de ôfrûne seis wiken goed ferrûn.
"De situatie is stabiel en onder controle en er is op één incident na, geen sprake van overlast voor de omgeving geweest", seit de gemeente.
Yn it kongressintrum sitte 225 minsken, ûnder wa sa'n santich bern dy't sûnt dizze wike nei in iepenbiere basisskoalle yn Drachten geane.