Sikehûs MCL fangt measte traumapasjinten yn noarden op; elektryske fyts faker oarsaak

© Omrop Fryslân, Willem de Vries
MCL yn Ljouwert hat mei goed 1.250 pasjinten de measte traumapasjinten opfongen fan de noardlike sikehûzen. Dat litte sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN) sjen.
Nei it UMCG yn Grins hat MCL de heechste saneamde traumalevelindex. Dy yndeks jout oan yn hoefier't in sikehûs traumapasjinten helpe kin. De sifers binne al jierren frij stabyl.
Dat komt om't MCL it grutste Fryske sikehûs is en dat der 24 oeren deis, sân dagen yn de wike spoedeaskjende helpdokters klear stean. "Trauma-artsen moeten binnen een kwartier in het ziekenhuis kunnen zijn om snel ernstige gewonde patiënten te kunnen helpen en omdat dat zo is, wordt de keuze eerder gemaakt om ze naar Leeuwarden te brengen", seit traumasjirurch Arvid Munzebrock fan it MCL.
Munzebrock is net ferrast oer de sifers. Der binne ek "best wat gevallen van ernstig letsel" yn it Ljouwerter sikehûs. Hy sinjalearret mear ûngelokken mei elektryske fytsen mei opname as gefolch. It ferkear is yn it noarden mei 18,7% de twadde foarnaamste oarsaak foar ûngelokken, 64% dêrfan is feroarsake mei de fyts.
Fryslân is neffens him in 'echte hurdfytsprovinsje'. "Mensen op een racefiets zijn vaak wel goed beschermd en dragen een helm." Neffens him soenen minsken op in e-bike ek in helm ha moatte. "Mensen fietsen harder dan ze eigenlijk kunnen, dus is er meer kans op letsel."

Elektryske fyts op Waadeilannen

It giet benammen mis mei de elektryske fytser op de Waadeilannen, dy't foar in dei fuort of yn de fakânsje beslút in flugger model as gewoan te hieren. "Het maakt wel een verschil of je je normale gang gaat of opeens 30 kilometer per uur." Wannear't de toerist dan ek gjin helm draacht, is der noch mear kâns op skea.
De measte ûngelokken barre lykwols noch altyd yn en om hûs. De letsels binne it faakst yn it gebiet fan skonken en bekken. "Mensen vallen in huis, uit een boom of ze vallen van de trap en breken zo hun heup."