Ineke Haase-Bijlsma mist yn it waarme Texas it Fryske waar: "Rein is ek wer gesellich"

Ineke Haase-Bijlsma en Chris Haase © Omrop Fryslân
Ineke wie tritich jier lyn mei in freondinne oan it backpacken troch Amearika en moete dêr op Hawaï har man Chris. Se binne yntusken al jierren troud en ha tegearre twa soannen.
It begûn allegearre mei it idee om jild te besparjen op harren backpackreis troch te liftsjen. "Wy libben yn dy tiid fan sa'n fiif oant tsien gûnen deis. Ynstappe by Chris wie foar my earst allinnich business, ik moast nei de winkel ta."
Mar al gau waard dúdlik dat der wat mear spile, en dat Chris har wol stean seach. "Uteinlik hat er my in ticket stjoerd om nei him ta te kommen yn Chicago. Dêr bin ik doe in wike bleaun. Oan 'e ein fan de wike frege er my oft ik mei him trouwe woe."
It wie foar harren beide gau dúdlik dat it goed siet, seit Ineke. "Mar doe moast er noch mei nei Fryslân om him foar te stellen." Dat gie ek goed. Chris is Amerikaansk, mar hat ek de Nederlânske nasjonaliteit, krekt as harren soannen Peter en Mark.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Yntusken binne se dan ek hast tritich jier troud, fertelt se. Foar it wurk fan har man reizgen se al in soad. Se binne no wer in skoftke werom út Saûdy-Arabië. "Wy wenje no wer yn Texas, foar de tredde kear, dat befalt goed. Us jonges dogge it goed en se ha beide in freondinne. Ik tink dat wy hjir wol hingjen bliuwe."

Fryslân

Sy is moandei weromkaam út Fryslân wei, se wie hjir foar it earst yn trije jier wer ris. "Ik bin fan moandei oant moandei fan famyljelid nei famyljelid reizge. Ik ha neat oars dien, allinnich noch wat boadskippen helle fierder."
It wie apart om wer yn Fryslân te wêzen, fynt se. "It is wol efkes dat je tinke: Fryslân is echt hiel moai. Jimme binne dat wend, mar as je dêr wat omride troch dy doarpkes, dan is it wol moai. Dat docht my wol wat."
Fierder mist se it iten, lykas in "patatsje mayo of sûkerbôle" en it waar fan Fryslân. Sels it wiete hjerstwaar. "Dat is reint fyn ik net slim, dat is ek wer gesellich."
Ineke Haase-Bijlsma yn Fryske Flagge