Sjefkok Geert-Jan Vaartjes begjint yn De Abdij yn Dokkum

Geert-Jan Vaartjes © RTV NOF
Sjefkok Geert-Jan Vaartjes en syn kompanjon Hylke Jan Tholen wurde de nije gesichten fan hotel-restaurant De Abdij yn Dokkum. It duo is bekend fan proeflokaal Oan Tafel en Grand Café Jan yn Wergea en sjocht yn Dokkum in nije kulinêre útdaging.
Vaartjes wurke yn it ferline yn meardere stjerre-restaurants, lykas De Librije yn Zwolle en De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach.
"Ik ha sân jier yn it bûtenlân sitten. As je dan weromkomme, sjogge je watfoar moais wy hjir allegear ha", fertelt Vaartjes. "Ik wol sjen litte wat de regio te bieden hat, it Waad en de Fryske Wâlden. En watst mei lokale produkten lykas oesters meitsje kinst."
Fan 9 novimber ôf sille Vaartjes en Tholen mei har team los yn De Abdij yn Dokkum.