Provinsje freget stipe om krúspunten op De Harkema en yn Boerum feiliger te meitsjen

De Harkema krúspunt N369 © Omrop Fryslân, Mats Gies
De provinsje hat by it Ryk subsydzje oanfrege foar it feiliger meitsjen fan twa krúspunten yn de provinsjale diken by De Harkema en by Boerum. It wurk sil sa'n twa miljoen euro kostje.
By it krúspunt op De Harkema ha ferskate ûngelokken west en yn Boerum moatte fytsers de dyk oerstekke wat foar gefaarlike situaasjes soarget.
It Ryk stelt jild beskikber om de ferkearsfeilichheid te ferbetterjen. "Er wordt vaak meer aangevraagd dan dat er geld is", seit deputearre Avine Fokkens. "Maar als het geld er komt, dan kijken we welke wensen er in de dorpen leven, of men een ovonde of rotonde wil en of er misschien grond moet worden aangekocht."
Binnen no en in pear moannen moat dúdlik wurde oft it jild der komt. "Als het gehonoreerd wordt, gaat het om vijf ton." Doel is dat it wurk yn 2026 los kin.