Oerlêst yn Kollumersweach: ruften yn natuer en fitnesspark fernield

It dumpte ôffal © Eigen foto
Yn natuergebiet de Sweagermieden by Kollumersweach en Feankleaster wurdt al jierren ôffal dumpt. It giet net om pún of drugsôffal, mar om brûkte ruften.
"We ha in himmelploech dy't de boel yn it doarp en it bûtengebiet oprêdt, en dy komme dit tsjin", seit Douwe Keegstra, foarsitter fan Pleatslik Belang Kollumersweach en Feankleaster.
Se ha gjin idee wa't soks docht en roppe elk op om alert te wêzen. "We ha fansels it leafste dat de persoan dy't dit docht dermei ophâldt. It moat net sa trochgean. De natuer wurdt der ek net better fan."

Fernielingen

Kollumersweach hat ek al skoften te krijen mei fernielingen oan it bûtendoar fitnesspark. "Dat rint hieltyd mear de spuitgatten út. It is in robúst fitnesspark mei hufterproof tastellen, mar minsken witte it toch te fernielen en te bekladden."
It behear wurdt dien troch frijwilligers fan doarpsbelang. "En dy kinne it sa hurd net mear herstelle. De rubbers wurde oansnijd, de ynstruksjeplaatsjes wurde mei stift bekladde en der stean teksten op de tastellen."
De skea is al mear as tûzen euro. Pleatslik Belang hat de gemeente om stipe frege. "Ek de wykagint is ynskeakele, mar dy kin der ek net 24 oeren deis stean. We ha by de gemeente frege om in kamera op te hingjen."
Fitnesspark bekladde © Eigen foto