Omstanners hâlde dronken sjauffeur fan de dyk by Spannenburg

© ANP
Omstanners ha moandeitejûn by Spannenburg foarkaam dat in dronken frachtweinsjauffeur de dyk opgien is mei syn frachtauto. Dat seit de plysje fan De Fryske Marren, dy't de belutsenen priizget.
Neffens de plysje kaam der in melding binnen fan in frachtweinsjauffeur dy't de dyk besocht op te riden wylst hy ûnder ynfloed fan alkohol wie. Doe't de plysje te plak kaam waard de man yn betwang holden troch in pear tsjûgen.

Omstanners pakke kaai

Ut harren ferhaal die bliken dat de sjauffeur yn in restaurant in soad alkohol dronken hie. Doe't hy dêrnei yn de rjochting fan syn frachtauto kuiere, tocht elkenien dat hy dêr yn syn kabine sliepe soe. Doe seagen sy dat de frachtwein fuortried.

In pear oare sjauffeurs twivelen net, draafden nei de frachtauto fan de man ta en hellen de kaai út it kontakt. Neffens de plysje reagearre de man agressyf nei de omstanners, dy't dêrtroch twongen waarden him yn betwang te hâlden.

Rydbewiis kwyt

De sjauffeur is oanholden troch de plysje en nei it buro brocht. Dêr is syn rydbewiis ynnaam om't bliken die dat hy fiersten tefolle alkohol hân hie. De man moat letter noch foar de rjochter ferskine.

Neffens de plysje hie it grutte gefolgen ha kind wannear't de man net tsjinholden wie.