Omwenners wolle dat Raad van State bou doarpsmûne Tsjom stilleit

Wynenerzjy © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Trije omwenners fan de doarpsmûne yn Tsjom wolle dat de Raad van State de bou derfan stilleit. Dat is tiisdei frege yn in spoedsitting dy't bedoeld wie om de omjouwingsfergunning, dy't troch de gemeente Waadhoeke ferliend is, te skrassen.
Neffens ien fan de omwenners fan de mûne soarget dy mei syn hichte fan 76,5 meter, foar 'slachskaad'. Dat soe in negatyf effekt ha op de Fryske hynders dy't troch dizze persoan fokt wurde.

'Feestje gepland'

De Coöperatie Tzummer Organisatie voor Energie in de Regio (TOER) makket him gjin soargen. "Wij hebben op 26 oktober een feestje gepland" sa sei foarsitter Govert Daan Gelof. Op dy dei moat de bou fan de wynturbine klear wêze.
Earder dit jier, yn maaie, waard in berop fan de omwenners tsjin de fergunning troch de rjochtbank al ôfwiisd. TOER mocht doe oan de slach mei de fergunning, mar de Raad van State kin dy dus noch wer ynlûke.

530 húshâldens

De gemeente seit dat de doarpsmûne yn 2023 enerzjy leverje moat oan 530 oansletten húshâldens. Oars ferfalt de subsydzje. De provinsje hat sa'n 150.000 euro yn de mûne stutsen en der sit ek noch jild fan it Ryk yn. De totale kosten binne sa'n 1,5 miljoen euro.
De útspraak fan de Raad van State folget oer trije wiken.