Deputearre: "2023 wurdt foar de Provinsje Fryslân in finansjeel dreech jier"

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
2023 wurdt finansjeel in dreech jier foar de provinsje. Dat sei deputearre Friso Douwstra tiisdei by de presintaasje fan de begrutting fan de provinsje foar 2023.
De provinsje wol takom jier sa'n 482,4 miljoen euro útjaan oan saken as ynfrastruktuer, it lanlik gebiet en kultuer, mar omdat alles djoerder wurdt sil de provinsje minder dwaan kinne mei dat bedrach. Boppedat is de provinsje oan it yntarren op de reserves. Dy rûnen dizze koälysjeperioade tebek fan 209 miljoen oant 144 miljoen euro.

Ferkiezings komme deroan

Ek omdat der begjin takom jier ferkiezings binne hat de provinsje in realistyske en weromhâldende begrutting makke. Likegoed sil it takommend jier net maklik wurde neffens Douwstra. "De kosten geane omheech en de ynkomsten sakje. Net allinnich foar de provinsje, mar ek foar húshâldingen, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes."
Deputearre Friso Douwstra jout in taljochting by de provinsjale begrutting fan 2023
De provinsje kin de problemen dy't ûntsteane troch de hege enerzjyrekkens net oplosse, mar Douwstra fynt it in goeie saak dat Provinsjale Steaten ûndersykje sille wat de provinsje wol dwaan kin. It idee is om it rendemint fan de oandielen fan de provinsje yn wynpark Fryslân hjirfoar yn te setten.

Provinsjale Steaten sille de begrutting foar 2023 yn novimber behannelje.