Bûnscoach Jonker selektearret trije Friezinnen foar oefenduels Oranjefroulju

Bûnscoach Andries Jonker hat trije Friezinnen opnaam yn syn seleksje foar de oefenwedstriden tsjin Zambia en Noarwegen. Dy duels stean 6 en 11 oktober op it programma.
It giet om ferdigener Kerstin Casparij (Manchester City), spits Fenna Kalma (FC Twente) en rekôrynternasjonal Sherida Spitse (Ajax). De duels tsjin Sambia en Noarwegen binne neffens it fuotbalbûn KNVB de start fan it trajekt nei it WK 2023 yn Australië en Nij-Seelân.
"Deze twee wedstrijden zijn voor ons ideaal om te werken aan onze speelwijze en dit is ook de fase waarin speelsters kansen krijgen. Daarnaast hopen we onze fans in deze twee thuiswedstrijden opnieuw op een mooie voetbalavond te trakteren", sa seit bûnscoach Andries Jonker oer de wedstriden tsjin Sambia en Noarwegen.
De folsleine seleksje:
Jill Baijings (Bayer 04 Leverkusen), Lineth Beerensteyn (Juventus), Esmee Brugts (PSV), Kerstin Casparij (Manchester City), Caitlin Dijkstra (FC Twente), Daphne van Domselaar (FC Twente), Merel van Dongen (Atlético Madrid), Daniëlle van de Donk (Olympique Lyon), Kayleigh van Dooren (FC Twente), Lisa Doorn (Ajax), Damaris Egurrola (Olympique Lyon), Kika van Es (PSV), Jackie Groenen (Paris Saint-Germain), Renate Jansen (FC Twente), Fenna Kalma (FC Twente), Lize Kop (Ajax), Romée Leuchter (Ajax), Barbara Lorsheyd (ADO Den Haag), Vivianne Miedema (Arsenal), Aniek Nouwen (Chelsea), Marisa Olislagers (FC Twente), Victoria Pelova (Ajax), Jill Roord (VFL Wolfsburg), Sherida Spitse (Ajax), Jacintha Weimar (Feyenoord), Lynn Wilms (VFL Wolfsburg).